Hans Monses Hettema
Hans Monses Hettema (Boalsert, 11 juny 1761 – dêre, 9 febrewaris 1823) wie in politikus yn de tiid fan de Bataafske Republyk.
Biografy
bewurkje seksjeHettema wie ien út it Fryske laach De Haan Hettema. Hy wie in soan fan wolkjimmer en keapman Monse Hanses Hettema (1730-1766) en Antje Anskedr (1731-1809). Hy boaske yn 1783 oan Jantje Gerbens van Albada (1763-1834) en krige mei har tsien bern (dêr't sân fan jong stoaren).
Hettema wie keapman, distillearder en brâner yn Boalsert. Yn 1787 wykte er út nei Sint-Omaars om yn 1795 werom te kommen. Hy waard dêrnei lid fan de munisipaliteit fan Boalsert. Fan 23 juny 1796 oant 8 maart 1798 wied er lid fan it bestjoer fan Fryslân. Op 24 septimber 1798 waard er keazen ta lid fan it Vertegenwoordigend Lichaam, oftewol de Earste Keamer fan de Bataafske Republyk foar it distrikt Wolvegea; dat soe er bliuwe oant 17 oktober 1801, oant de sameamde tredde steatsgreep wêrnei't dy keamer net mear gearkaam. Hettema naam doe gjin politike funksjes mear oan. Hy wie fan 1811 oant 1814 noch wol adjunkt-maire fan syn bertestêd.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|