Harinxmalânpark
It Harinxmalânpark is in stedspark yn de wyk Harinxmalân fan de stêd Snits, dat iepene waard yn 2012.
Yn it park lizze saneamde kultuerhistoaryske fjilden. By de oanlis fan de wyk waarden resten fûn fan de Harinxmastate, wenhûs fan it begoedige Snitser laach Harinxma. Fierder binne spoaren fûn út de Stientiid, Izertiid en de Romeinske tiid. De fynplakken binne net beboud, mar binne ûnderdiel fan it park en dus fan de iepenbiere romte.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |