Harinxmastins (Sleat)
De Harinxmastins wie in stins by de stêd Sleat. Fan de stins is neat werom te finen en binne gjin ôfbylden fan bewarre bleaun.
It gebou waard mooglik yn de 13e iuw boud. De stêd Sleat ûntstie oan de hannelswei fan Bentheim nei Starum. Dêr't de wei in oare wichtige wei kruse, wie in fersterke hûs boud, dat dizze krusing behearske. Dat hûs waard grif troch de Harinxma's of in foarfaar fan harren boud. Yn de 15e iuw wurdt de stins yn alle gefallen bewenne troch ôfstammelingen fan Haring Donia (± 1400), dy't him Haringsma en letter Harinxma neamde.
Mids fyftjinde iuw wenne Watze Bockes Haringsma yn it hûs. In neisiet fan him, Homme Harinxma, dy't troud wie mei Doedt fan Mockema, hat grif de lêste bewenner west. Hja wennen nammentlik letter yn de Sjuxmastate yn Waaksens. De ôfstammelingen fan Homme en Doedt neamden har Van Harinxma thoe Slooten.
Om 1560 wurdt de earste kaart fan it stedsje Sleat makke, mar it fersterke hûs is dan al ferdwûn. De stins moat yn alle gefallen in heech of breed stienen bouwurk west hawwe. Mooglik waard it hûs as tolhûs brûkt: as kontrolepunt foar it beteljen fan de passaazjejilden. Mar it kin ek wêze dat der by it krúspunt fan wei en grêft, by de brêge, in ôfsûnderlik tolhûs stien hat.
By de ferskate belegeringen fan Sleat, wat geregeldwei foarfoel omdat Sleat in strategyske delsetting wie, hie de stins genôch beskerming jûn. Mar by in belis yn 1523 waard de stins foar in part sloopt en yn 1531 op lêst fan Karel V hielendal ûntmantele. Om it plak dêr't de Fan Harinxmastins stien hie kaam in grutte twinger (bastion) as ûnderdiel fan de festing Sleat. Dy waard doe Harinxmaskâns neamd.
Bewenners
bewurkje seksje- famylje Harinxma
- ± 1450 Watze Bockes Haringsma
- Homme Harinxma
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|