Sjuxmastate
Sjuxmastate is in eardere state en stie yn Waaksens, gemeente Dongeradiel. It goed wurdt al yn de midden fan de 13e iuw neamd, de famylje Sjuxma stoar yn de 16e iuw út. It poartegebou is fan de dyk ôf te sjen. Op it stee stiet no in kop-hals-romppleats mei lyts hûs. Der wurdt net mear buorke.
Skiednis
bewurkje seksjeDe stamfaar en fermoedlike nammejouwer fan it hûs en de famylje wie Siuicus of Siuck, dy't begjin 13e iuw libbe. Syn dochter Hildegard gie it kleaster Bethlehem yn en waard dêr priorinne. Syn soan Kempo wie edelman (vir nobilis) yn Waaksens. Omdat dy syn soan Siuck (jr.) jong stoar fererve syn besit op syn healbroer Jarich. Leden fan dizze famylje trouden mei partners út Brantgum en Hantumhuzen; meardere dochters gienen yn de kleasters Bethlehem, Sion en Weerd.
It ferbân tusken Siuicus/Siuck en de famylje Siuxma, dat troch Sibrandus Leo yn de 16e iuw lein waard is wol oannimlik. Neist de nammen Siuck en Siuxma wiist ek it feit dat grinzjend oan it lân fan Siuxmastate - en nei 1640 dêr diel fan útmeitsjend - lân fan it kleaster Bethlehem lei.
Yn de 15e iuw wurde de Siuxma's opnij neamd. Yn 1422 wie Douwe Syuuexsma ien fan de Skieringer haadlingen yn Eastergoa dy't in bûn mei Focke Ukena slueten (yn de genealogyske hânskriften wurdt tagelyk in Feye Syuxma neamd, waans dochter yn Foudgum yntroude); yn 1448 wie Dowa her Syucsma grytman yn Dongeradiel. Yn 1470 krige hy (of in nammegenoat) rjochten yn Hibbema goed op de Lytse Jouwer; yn 1511 hearde it lêstneamde goed ûndermear oan Rintie of Rents Mockema. Hja is de widdo fan Sydt Syuxsema, dy't yn 1491 as haadling fan Waaksens meidie yn it bûn mei Grins. Nei de dea fan Sydt wertroude hja mei Syds Stania, dy't him ek Siuxma neamen gie. Hja wenne as widdo yn 1511 op Syucksmastate, dy't 99 pûnsmiet grut wie. Harren soan Abe Siuxma, 1522 grytman fan Ferwerderadiel en letter deputearre, wenne earst op Cammingha te Ferwert, ôfkomstich út syn memmes famylje, en fêstige him letter op Siuxma. Abe stie bekend om syn lumen.
Ut de grêfsarken yn de tsjerke falt op te meitsjen, dat mooglik Sicke Worps fan Tjessens en Auck Popckesdr. Bonga de state nei Abbe syn dea bewenne hawwe. Harren dochter Baef waard deryn 1558 begroeven, 16 dagen letter folge troch har mem Aucke fan Bonga; dizze wie in dochter fan Popcke Bonga en N. fan Sjucksma.
Wa't krekt de eigener wie fan Sjuxma, falt troch gebrek oan stikken min te sizzen, mar Sicke Tjessens hie der grif in oandiel yn. Yn 1580 wurdt de state bewenne troch Epo fan Galema. Hy waard yn 1586 by syn flecht nei it kleaster Foswert deadien. Syn widdo Syts Sickes fan Tjessens wertroude Douwe Douwes fan Aylva, (Douwe fan Aylva sneuvele yn 1591 by it belis fan Dimter en waard yn Waaksens begroeven) waans mem, Frouck Ernstdr. fan Mockema, wer in erfgenamt fan Abbe Sjuxsma wie.
Meidat beide houliken fan Syts Tjessens sûnder bern bleaun wiene kaam Sjuxma oan har suster Doedt fan Mockema, dy't troud wie mei Homme fan Harinxma thoe Slooten. Yn 1598 bewennet Doedt as widdo de state.
Doedt har soan Ernst fan Harinxma waard dêrnei eigener, mooglik omdat hy nei Ernst fan Mockema ferneamd wie. Hy wie ried-ordinaris yn it Hof fan Fryslân en troude yn 1616 mei Tieth fan Botnia. Harren alliânsjewapens pronkje op de wapenstien yn de gevel fan de noch besteande tagongspoarte. Harren soan Pieter, dy't yn 1640 as eigener-bewenner te boek stiet, liet mei syn frou Suzanna fan Burmania de hearebank yn de tsjerke sette en in grêfkelder yn it koar oanlizze. Pieter en-dy wienen lykwols net folle op Sjuxma en ferhierden it op 't lêst oan in broer Homme, dy't der oant 1663 wenne.
Letter waard it hûs bewenne troch Homme syn broer Edzard Duco, dochs erfgenamt waard syn broer jonker Ernst Mockema fan Harinxma thoe Slooten. Dy wie grytman oer Baarderadiel, wenne op Dekemastate yn Weidum en hie boppedat Mockemastate yn Ie erve. Hy sil it hûs ferkocht hawwe, want yn syn neilittenskip komt it net foar. Neffens it stimkohier fan 1728 wie it goed doe eigendom fan Dr. F. Frisius. Dat kin allinnich Franciscus Frisius west hawwe; doctor yn de rjochten en abbekaat foar it Hof fan Fryslân. Yn 1748 wenne dêr de generaal Coenders, dy't yn 1750 ferstoar. Yn 1752 docht it hûs gjin hier mear en nei 1755 komt it ek net mear foar yn de reëelkohieren. In hierkontrakt út 1741 troch Frouwe R. L. Coenders berne Harinxma oangeande Sjuxma, wurdt yn 1792 werhelle (argyf Van Harinxma). Nei ôfbraak fan it hûs bleau Sjuxma foar de Harinxma's de funksje fan úthof hâlden. Se wennen op Tjessens, mar reservearren de hôven fan Sjuxma foar levering fan fruit. Op de souder fan de poarte hâlden se it rjocht fan doweflecht. Ek yn 1832 is it noch yn besit fan de Van Harinxma’s. Neffens it kadaster dan fan de “erven A.L.B. van Harinxma thoe Slooten” te Holwert.
Hoe't it hûs der útsjoen hat is net bekend. De tekening fan Jacob Stellingwerf, neamd het oude klooster behoort den Hr. P. van Harinxma toe Sloten soe Sjuxma foarstelle kinne. Dit gebou soe passe op it fersmelle westlike gedielte fan it âlde hoarnleger fan Sjuxma. It ûnderskrift moat in fersin wêze, omdat der yn 1722 nimmen mear yn libben wie, dy't P. van Harinxma hjitte. Mooglik libbe de herinnering oan P. fan Harinxma út de midden fan de 17e iuw noch fuort. It tekene gedielte soe dan noch 16e-iuwsk wêze moatte; in beskieden let-goatysk gebou boppe in kelder, mei bôgeramen en in topgevel mei pinakels, op in mei stien bekoaid steed. Heaks dêrop is boppe it dak noch de naald fan in mooglik jongere fleugel.
Siuxmastate waard om 1750 ôfbrutsen. It omgrêfte hiem en de poarte mei it alliânsjewapen Harinxma-Botnia bleaune bewarre. It is yn de 17e iuw opboud fan reade bakstien en hat twa tútgevels. Yn de gevel oan de fjildkant sit in stien mei de wapens Harinxma-Botnia, mei it jiertal 1668, dy't wierskynlik fan de state komme. Yn de gevel oan de hofside sitte dowegatten. De poarte stiet no op in singel tusken twa grêften. Yn de sydgevels sieten twa lette ynhakte poartsjes, dy't wer tichtmitsele binne. Opmerklik is dat de plattegrûn in parallellogram foarmet, krektas guon stedspoarten, wat it fjurjen troch de poarte behindere.
Bewenners
bewurkje seksje- Siuicus/Siuck, begjin 13e iuw
- Kempo Siuxma, edelman te Waaksens.
- Jarich Siuxma.
- Douwe Syuuexsma, 1422, 1448, 1470
- Sydt Syuxsema, 1491
- Abe Siuxma, 1522
- ?Sicke Worps fan Tjessens en Auck Popckes Bonga.
- Douwe fan Aylva, troud mei Syts Sickes fan Tjessens
- Doedt Mockema, troud mei Hommo fan Harinxma thoe Slooten.
- Ernst fan Harinxma, yn 1616 troud mei Tieth fan Botnia.
- Pieter fan Harinxma, eigener yn 1640
- Homme fan Harinxma, oant 1663 hierder en bewenner
- Ernst Mockema fan Harinxma thoe Slooten eigener sûnt 1663
- Franciscus Frisius, eigener yn 1728
- generaal Coenders, oant 1750
- erven A.L.B. fan Harinxma thoe Slooten, eigeners yn 1832
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|