Kleaster Weerd
It kleaster Weerd of Templum Domnini ('de Timpel fan God'), lei súdeastlik fan Moarre op in terpke oan de noardkant fan de tsjintwurdige Kleasterwei. Folle is der oer dit nobertinessenkleaster net bekend. Guon ûndersykers binne fan betinken dat it kleaster al yn 1326 bestie, dat soe dan opmakke wurde kinne út de libbensbeskriuwingen fan guon abten fan Kleaster Mariëngaard, mar earst yn 1401 is der sprake fan in 'kelner fan Weard'. It is net fan de abdij fan Dokkum út stifte, mar wie der wol ôfhinklik fan, want de abt fan Dokkum fersegele alle stikken foar Weerd.
Neffens de Staat van Aanbreng fan 1511, it register dêr't de grûnbelêsting út opmakke waard, hie it kleaster yn Moarre 834 pûnsmiet lân yn besit en docht bliken dat it in úthof efkes bewesten Iezumasyl hie: Muontsehûs.
Yn 1569 hawwe de wettergeuzen it kleaster plondere en yn 'e brân stutsen. Dat wie de deastek foar it kleaster. Yn 1580 namen de Steaten it kleasterbesit oer. De lettere pleats dy't op it plak fan it kleaster kaam te stean, hie 187 pûnsmiet lân. Foar in pleats in protte, mar der is dus ek in protte lân yn oare hannen oergien.
Yn 'e 18e iuw stie der neffens Jacob Stellingwerf noch in gebou mei goatyske skaaimerken, finsters tichtmitsele, op it terrein fan Weerd.
Op it stee fan it eardere kleaster sitte noch fûneminten yn de grûn. Om reden fan archeologyske wearde hat it perseel hat in beskerme status.[1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |