Harm Tuin (Finsterwolde, 29 novimber 1896 - It Hearrenfean, 9 juny 1972) wie in Nederlânske boargemaster. Tuin wie lid fan de PvdA.

Libben en wurk bewurkje seksje

Tuin waard yn 1896 berne as soan fan de los-arbeider Harm Tuin en fan Maria Mulder. Tuin trochrûn it amtlike wurkpaad yn syn berteplak Finsterwolde. Hy waard yn 1917 oansteld by de gemeentlike distribúsjetsjinst. Yn 1924 waard hy beneamd ta gemeentesekretaris fan Finsterwolde. Nei de Twadde Wrâldoarloch wie hy inkele moannen waarnimmend boargemaster fan Nijeskâns. Itselde jier waard hy beneamd as boargemaster fan Finsterwolde.
Yn 1951 besleat de regearing om de gemeenteried en de wethâlders fan Finsterwolde bûtenspul te setten. De beide kommunistyske wethâlders soene ûnrjochtlik útkearings takend hawwe oan stakers. [1] De gemeente waard ûnder kuratele steld. Tuin waard beneamd ta regearingskommissaris en bestjoerde de gemeente yn oerlis mei de Kommissaris fan de Keninginne yn Grinslân. De wetlike tariedings foar dy yngreep wienen dêrfoar al troffen.[2] Dy útsûnderingsposysje duorre oant it neijier fan 1953, doe waarden de ferhâldingen wer normalisearre. Yn 1956 waard Tuin beneamd as boargemaster fan Slochteren. Hy soe dy funksje fiif jier ferfolle. Mei 1 desimber 1961 gie Tuin mei pinsjoen.[3] Neist syn boargemastersfunksje wie Tuin ek lid fan Provinsjale Steaten fan Grinslân en wie hy kommissaris by it provinsjale wetterliedingbedriuw en by de maatskippij ta oanlis en eksploitaasje fan leechspanningsnetten.

Tuin troude op 4 febrewaris 1921 yn Finsterwâlde mei Hindrikje van Delden. Hy ferstoar yn juny 1972 yn de âldens fan 75 jier yn de fersoargingsflat "Oranjewoud" op It Hearrenfean.

Famylje bewurkje seksje

Syn broer Jan Tuin wie boargemaster fan Hoogezand en fan Grins, deputearre fan Grinslân en lid fan de Twadde Keamer.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nieuwsblad van het Noorden d.d. 7 maart 2002: De regeringscommissaris
  2. Leeuwarder Courant d.d. 7 novimber 1950: Gemeente Finsterwolde was niet meer te besturen
  3. Nieuwsblad van het Noorden d.d. 18 novimber 1961: Nu met pensioen na vijf rustige jaren Slochteren - Burgemeester H. Tuin gaf communisten jaren partij