Harmen fan Idsinga

Harmen fan Idsinga (1638 - 3 novimber 1698) wie abbekaat en assessor by it kriichsgerjocht.

Hy wie in soan fan Alef fan Idsinga, dy't ûnder oaren boargemaster fan Dokkum west hat en Titia Belderbeek. Hy wie troud mei Rienck fan Hettinga, dy't him trije bern skonk. Beide lizze op it tsjerkhôf yn Hantum.

Harmen fan Idsinga waard 23 septimber 1664 abbekaat, dêrnei assessor by it kriichsgerjocht. Op 20 oktober 1671 waard him tastien om yn dy funksje mei jonkhear Willem fan Haren nei de ambassade yn Sweden ta te gean. Letter waard hy ûntfanger fan de liifrinten (23 juny 1677). Op 21 febrewaris 1679 waard hy beneamd ta riedshear oan it Hof ynstee fan Binnert Heringa fan Grovestins, dy't grytman waard. Yn 1698 betanke er foar it lidmaatskip fan it Hof.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • J. Sickenga - Het Hof van Friesland gedurende de zeventiende eeuw (Leien 1869), 231, 232.
  • Stamboek van den Frieschen Adel I, 185, II, 123;
  • Naamrol der Raden 's Hofs van Friesland, 48, 49;
  • NNBW