Harree is in soad brûkte groet yn Bolsward, Snits en it suden fan 'e Greidhoeke. It is te fertalen as: hallo, hoi, goeie, oant sjen, ensafuorthinne.
De oarsprong fan it wurd is net bekend. It wurdt seker al inkele generaasjes yn Boalsert brûkt. It wurdt ornaris beskôge as Stêdsk.