Harry van den Brink (sporter)

(Trochferwiisd fan Harry van den Brink)

Harry van den Brink (? 1969) is in eardere Nederlânsk follybalspiler en follybaltrainer.

Harry van den Brink
sporter
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 1969
sportive ynformaasje
sport Follybal

As sechstjinjierrige begûn Harry van den Brink syn aktive karriêre as follyballer by VZK Wezup. Nei twa jier gie er nei VC Zwolle, in jier dêrnei promovearre Swol nei de Earedifyzje. Hy bleau 13 jier by VC Zwolle. Yn 1992 makke er ien jier diel út fan de Nederlânske follybalploech. Totaal hat Harry van den Brink 4 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]

Nei syn aktive karriêre as follyballer helle er syn trainersdiploma op it CIOS, op it It Hearrenfean. Dêrnei waard er trainer fan ferskate follybalferienings. Sa is er no trainer by follybalferiening Flash, dêrnjonken is er ek assistint-trainer by follybalklup Landstede yn Swol. Op 7 jannewaris 2011 waard bekend makke dat Harry van den Brink it seizoen 2010-2011 ôfmakket by dy klup. [2]

Neist follybaltrainer is er ek dosint by Landstede Sport & Bewegen. Omdat dy skoalle en follybalklup Landstede yn itselde gebou sitte, kin Harry van den Brink dat goed kombinearje. [3]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Ynterlannen oersjoch NeVeBo
  2. [2] Harry van den Brink blijft coach van Landstede Volleybal tot het eind van het seizoen, RTV Oost, 7 jannewarris 2011
  3. [3] Harry van den Brink assistent volleyballers , sportiefzwolle.nl, 22 oktober 2010