Haukesfeart
De Haukesfeart is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De feart rint fan de Grutte Wiskepolder nei it suden en komt út yn de Koudumer Feart oan de noardkant fan Koudum.
De namme Haukesfeart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Haukesloot.