Hazze-eargroukopke

It hazze-eargroukopke (Muschampia lavatherae, foarh. Carcharodus lavatherae) is in soarte yn it skaai fan de ûnechte spikkelbrune groukopkes (Muschampia), dêr't er nei yn 2020 nei DNA-ûndersyk hinne oerpleatst is út it skaai fan 'e echte spikkelbrune groukopkes (Carcharodus).

hazze-eargroukopke
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje groukopflinters (Hesperiidae)
skaai ûnechte spikkelbrune groukopkes
   (Muschampia)
soarte
Muschampia lavatherae
Esper, 1783
IUCN-status: gefoelich

Yn Nederlân komt de flinter net foar. De flinter komt wol foar yn Spanje, súdlik Frankryk, Itaalje de Balkan en Grikelân. Hy fljocht fan 200 oant 1600 meter heech. De flinter hâldt fan drûge soere greiden. De flinter is it leafst op plakken mei in soad blommen. De populaasjes binne oer it generaal lyts. As it waarm is sykje de flinters plakken mei fochtige grûn om dêr te drinken.

De flinter fljocht yn maaie, juny en july.

It hazze-eargroukopke ûnderskiedt him fan oare groukopkes troch de griene glâns op de boppekant fan de wjukken en it lichem.

De aaikes wurde ien foar ien ôfset op de blêden fan stachys soarten. De lytse rûpen meitsje spinsels mei blêden wêrûnder se ûnder it iten skûlje. Earst libje de rûpen fan de siedden fan de weardplant, letter ite se ek de blêden. Se oerwinterje yn it tredde of fjirde stadium as larve. De ferpopping fynt plak oan de ûnderkant fan de weardplant.