De Headamsleat is in feart op de grins fan de gemeenten Ljouwert en Smellingerlân. De feart rint noard-súd en ferbynt de Krúsdobbe mei de Wide Ie. Op dit punt leit it bekende hotel "Ie-sicht". East fan de Headamsleat leit de Jan Durkspolder wat westliker rint de Aldheadamsleat.

Ald-Headamsleat

De namme Headamsleat jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Hooidamsloot.