Hegere Lânbouskoalle

hegere beropsoplieding dy’t bestie tusken 1955 en 1986
(Trochferwiisd fan Hegere lânbouskoalle)

De Hegere Lânbouskoalle (HLS) wie in hegere beropsoplieding dy’t bestie tusken 1955 en 1986. As foaroplieding waard MULO-B of trije jier HBS frege. De trijejierrige oplieding yn 1974 fjouwerjierrich. Mei it diploma koe wurk fûn wurde by organisaasjes lykas de Grontmij, Kultuertechnyske Tsjinst, Tsjinst Iselmarpolders, feefoeryndustry, Ynstitút foar Lânboutechnyk, it stamboek foar hynders of kij, hannel yn lânboumasines en yn it lânbouûnderwiis.

Skiednis lânbouûnderwiis

bewurkje seksje

Yn 1958 waard it ferskil tusken de ferskillende lânbouopliedings de yn de wet fêstlein. De winterskoallen waarden middelbere lân- en túnbouskoallen en de besteande middelbere lân- en túnbouskoallen waarden sûnttiids oantsjutten as hegere lân- en túnbouskoallen. Yn 1961 hie Nederlân yn totaal 461 lân- en túnbouskoallen. It lânbouûnderwiis bestie út 9 hegere lânbouskoallen, 48 middelbere lânbouskoallen, 1 lânboufakskoalle en 202 legere lânbouskoallen. De hegere lânbouskoallen hiene doe 926 learlingen. Der waarden yn 1960 op de HLS’en 362 learlingen talitten. Oant 264 learlingen krigen yn 1961 it eindiploma. [1] Yn 1965 gie 40% fan de ôfstudearden fan de hegere lânbouskoallen nei de Lânbouuniversiteit yn Wageningen.

HLS Ljouwert

bewurkje seksje

De Fryske protestantsk-kristlike Hegere Lânbouskoalle yn Ljouwert waard yn 1954 oprjochte en begûn yn 1955. Nei de start waard direkteur P. Doornbos yn de sechtiger jierren opfolge troch direkteur C.J. Rijpma. De Ljouwerter HLS hie yn 1965 121 learlingen, yn 1973-1974 wiene dat 213 studinten. De studinteferiening Triptolemos waard oprjochte op 13 juny 1955. De Praktykskoalle fan de HLS stie yn Oentsjerk.

Hegere Suvelskoalle

bewurkje seksje

De Bysûndere Hegere Lânbouskoalle (BHLS) yn Ljouwert stie oan de Antillenwei 3. Op 1 augustus 1987 waard de HLS omneamd ta Agraryske Hegeskoalle Fryslân. De BLHS wie ûntstien troch in fúzje mei de hegeskoalletûke fan de yn 1904 oprjochte Ryks Hegere en Middelbere Skoalle foar Libbensmiddelstechnology yn Boalsert (foar 1963: Hegere Suvelskoalle). It Ryksbelied wie destiids rjochte op skaalfergrutting. De Agraryske Hegeskoalle Fryslân hie nei de fúzje sa’n 700 learlingen. Nettsjinsteande konsintraasje yn oantreklike nijbou betsjutte de fúzje in weromrin fan it tal learlingen. Beide lokaasjes bleaune yn it earstoan bestean yn gebrûk maar waarden al rillegau gearfoege op ien lokaasje yn Ljouwert.

Troch it saneamde Heare-akkoard út 1989 fusearre de BHLS yn 1992 mei it Van Hall yn Grins. It heare-akkoard waard sluten tusken de destiidske kommissarissen fan Fryslân (Hans Wiegel) en Grinslân (Henk Vonhoff). Dêrby waard ôfsprutsen dat Fryslân it sintrum foar it hbû yn Noard-Nederlân wurde soe en Grinslân it kulturele sintrum. It Van Hall Ynstitút ferdwûn dêrmei út Grins en Ljouwert rekke syn konservatoarium kwyt. Yn de maitiid fan 1994 krige dit kompleks de namme Van Hall Ynstitút. De lokaasje oan de Antillenwei waard doe net mear brûkt. Yn Grins bleau noch wol in lokaasje bestean foar allinnich dieltiidopliedings.

Fan jannewaris 2003 ôf wie der in bestjoerlike fúzje tusken it Van Hall Ynstitút en Hegeskoalle Larenstein. Ein oktober waard de fúzje trochfierd yn alle lagen. Sûnttiids draacht de skoalle de namme Hegeskoalle Van Hall Larenstein. Meastentiids wurdt de Ingeslke (ynternasjonale namme fan de hegeskoalle brûkt: Van Hall Larenstein, University of Applied Sciences. Yn it offisjele logo fan de hegeskoalle wurdt allinnich de Ingelske namme brûkt.

Gearwurking mei Wageningen University & Research

bewurkje seksje

De hegeskoalle wurke yn de perioade 2004-2012 administratyf gear mei Wageningen University & Research (WUR). Yn septimber 2006 waard de lokaasje Dimter nei Wageningen ferpleatst. Dit wie in direkt gefolch fan it feit dat Hegeskoalle Van Hall Larenstein in ûnderdiel wurden wie fan Wageningen University & Research. In skeel oer de lieding fan de hegeskoalle troch WUR en kosten dy’t se rekkene foar levbere tsjinsten oan Van Hall Larenstein late ta in brek yn 2012. Yn de rin fan 2015 is Hegeskoalle Van Hall Larenstein los komd te stean fan Wageningen University & Research. Dêrby krigen de studinten en meiwurkers fan Van Hall Larenstein út Wageningen har ûnderkommen op de lokaasje yn Velp.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. http://www.100jaarorthopedagogiek.nl/100jaarPDF/PDF/free/Inspectieverslag%201961.pdf 100 Jier orthopedagogiek (19661)