Hendrik (Henk) Johan Lubert Vonhoff (Amsterdam, 22 juny 1931 - Hilfertsom, 25 july 2010) wie VVD-politikus. Hy wie troud mei Louise Luijendijk en tegearre hienen se twa dochters en in soan (1957, 1958, 1961). Wie lid fan de liberale VVD sûnt de oprjochting yn 1948, dêrfoar aspirant-lid fan de Partij fan de Frijheid, ien fan de foargongers fan de VVD. Ek wied er fan 1995 - 2001 bysûnder heechlearaar arbeidsfoarweardenbelied oan de Erasmus Universiteit Rotterdam. Fanút syn oplieding wie Vonhoff, dy't yn Amsterdam de HBS en dêrnei in m.û. skiednis folge en yn de perioade 1957-1957 as skiednislearaar wurke, in autoriteit op it mêd fan de heitelânske skiednis.

Henk Vonhoff

Syn ûnderfinings yn de lêste oarlochsjierren, dêr't er him it lot fan ûnderfiede bern oanluts, makken datt er lid waard fan de nije Partij fan de Frijheid en letter de VVD, dêr't er him opwurke ta prominint. Fan 1967-1971 wie hy lid fan de Twadde Keamer foar de VVD. Vonhoff wie yn in kabinet-Biesheuvel dêrnei twa jier steatssekretaris fan Kultuer. Fan 1974-1980 wie hy boargemaster fan Utert. Dêrnei waard er kommissaris fan de Keninginne yn Grinslân, dêr’t hy yn 1996 wei gie.

Nei syn aktive perioade bleau hy gesachhawwend yn de VVD. Yn it konflikt tusken Rita Verdonk en de VVD spile hy in bemiddeljende rol. Yn 1999 op fakânsje yn Denemark, krige er in skuorde aorta, mar knapte wer op. Ferstoar op 25 july 2010 nei in koart siikbêd.

Publikaasjes bewurkje seksje

  • Liberalen onder één dak. VVD: 50 jaar liberale vereniging, SDU Utjouwerij, ISBN 9012085810, 1998
  • Vrijmetselaren in de politiek: acht biografische schetsen van bekende vrijmetselaren-politici (tegearre mei Joh. S. Wijne}, Utj.: Fama Fraternitatis, ISBN 90-72032-10-1, 2002

Underskiedingen en prizen bewurkje seksje

Keppeling om utens bewurkje seksje