Heimlichmanoeuvre

De Heimlichmanoeuvre is in metoade om in blokkade fan de luchtwegen op te heffen en sa ferstikking te foarkommen.

Heimlichmanoeuvre
Kontrolearre oefenjen fan de Heimlichmanoeuvre

De Heimlichmanoeuvre is neamd nei Henry Heimlich, dy't de metoade as earste beskreau yn 1974.

At it slachtoffer troch in blokkade fan de luchtwegen driget te smoaren (bygelyks troch in suertsje) en hoastjen helpt net, is it mooglik om as helpferliener de blokkade op te heffen. De helpferliener lit it slachtoffer stean of op in stoel sitte, giet efter it slachtoffer stean, slacht beide earms om it slachtoffer hinne en makket mei ien hân in fûst. Dêrnei wurdt de fûst healwei tusken de nâle en it begjin fan it boarstbonke setten. De helpferliener pakt de eigen fûst mei de oare hân beet en drukt krêftich en rimpen de fûst yn it liif en licht omheech. It hommelske yn elkoar drukken fan it liif sil de siken út de longen fan it slachtoffer drukke en sa de blokkade mooglik út de luchtpiip stjitte.

Komplikaasjes

bewurkje seksje

Ek at de Heimlichmanoeuvre goed tapast wurdt kin it slachtoffer ferwûne reitsje, der bestiet benammen kâns op ynwindich letsel. Konsultearje dus altiten in dokter nei it tapassen fan de Heimlichmanoeuvre. De Heimlichmanoeuvre moat nea tapast wurde op slachtoffers dy't noch hoastje, sykhelje of prate kinne. Der binne spesjale trenings om de Heimlichmanoeuvre te learen/oefenjen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje