Heinrich Schliemann
Johann Ludwig Heinrich Julius Schliemann (Neubuckow, 6 jannewaris 1822 - Napels, 26 desimber 1890) wie in Dútsk archeolooch. Hy is bekend wurden troch syn fynst fan it âlde Troaje en jildt as ien fan de pioniers op dat flak.
Biografy
bewurkje seksjeSchliemann waard berne as soan fan in dûmny en makke sels karriêre as hanneler. Yn 1841 waard hy op hannelsmissy nei Fenezuela stjoerd, mar hie skipbrek foar de Nederlânske kust, en waard hanneler foar in Amsterdamske firma. Yn 1846 waard hy de agint fan de firma yn Sint Petersburch, yn Ruslân. Hy wie dêrby sa suksesfol dat hy it jier derop syn eigen hannelsfirma oprjochtsje koe. Under mear yn it Kalifornje fan de goudkoarts en yn de Krimoarloch wreide er syn kapitaal noch iens tige út.
Yn 1864 luts Schliemann him út de hannel werom. Hy makke in wrâldreis, studearre oan de Sorbonne yn Parys, en yn 1868 besocht er Grikelân en Turkije. Nei eigen sizzen seach er Pınarbaşi oan, dat op dat stuit troch de measte eksperts foar Troaje holden waard, besleat dat it net mei de Ilias oerien kaam, en socht ferfolgens nei in bettere kandidaat, dy't er fûn yn de foarm fan Hisarlık. Oft dat ek werklik sa gongen is, is net wis; it is ek mooglik dat it net Schliemanns eigen fêststellings wienen, mar dat er troch Frank Calvert oerhelle is om by Hisarlık sykjen te gean.
Yn alle gefallen, nei inkele proefopgravings yn 1870, begûn Schliemann yn 1871 mei de opgravings yn Hisarlık, dat yndied Troaje blykte te wêzen. Hy die ferskate opwinende fynsten, de meast ferneamde dêrfan is de 'goudskat fan Priamus', dy't ûnrjochtlik troch Schliemann sa neamd waard - yn werklikheid wie de laach dêr't er sels fan tocht dat it Troaje wie, fan de Trojaanske Kriich, mear as 1000 jierren âlder. Hy fûn dizze laach tsjin de ein fan syn earste rige opgravings yn Troaje, yn 1873.
Dêrnei teach Schliemann nei Mysene, wêr't hy it grêf fan Agamemnon hope te finen. Hy fûn op 'e nij grutte skatten, wêrûnder it 'deademasker fan Agamemnon', alhoewol't yn dat gefal op 'e nij bliken die dat syn fynsten dúdlik âlder wienen as de Trojaanske Kriich.
Yn 1878-1879 groef Schliemann wer yn Troaje, yn 1880-1881 wie de stêd Orchomenus yn Boeotsje oan de beurt. Dêrnei soe der noch twa kear opgravings dwaan yn Troaje (1882 en 1890) en socht er yn Tiryns (1884-1885). Hy die ek noch wat lytsere proefopgravings op oare plakken.
Troch syn opgravings hie Schliemann in tige grutte samling archeologyske fynsten yn syn besit, dy't er weijoech oan it Dútske Ryk, sadat syn kolleksje yn har totaliteit toand wurde koe yn in oantal nei him ferneamde sealen yn it "Königlich-Preußischen Völkerkundemuseum" yn Berlyn.
Beoardieling
bewurkje seksjeIt wurk fan Schlieman hat tige wichtich west foar de archeology. Syn fynsten brochten de âldheid en de archeology ûnder de oandacht fan it grutte publyk. Dêrnjonken hat syn oanstriid om alles sa gau mooglik te publisearjen, dat benammen ynjûn waard troch syn winsk om troch de wittenskiplike elite erkend te wurden, tige nuttich west foar de kennis fan dit tiidrek. In oare wichtige bydrage fan Schliemann wie syn ynsjoch dat ierdewurkstilen in wichtige kaai foarmen om de fynsten goed datearje te kinnen.
Kollega's út lettere tiden hawwe Schliemann lykwols ek kritisearre omdat er him yn it begjin mear dwaande hold mei skatgraven as mei archeology. Sa soed er, doe hy yn Mysene it 'grêf fan Agamemnon' fûn hie, syn helpers nei hús stjoerd hawwe. Hy woe alles sels opgrave, sadat alles yn syn eigen hannel bleau. Troch him binne parten fan jongere lagen fan Troaje, yn syn entûsjasme it 'Homearyske' Troaje te finen, foar altyd ferneatige wurden. As ferdigening fan Schliemann wurdt it argumint oanfierd dat yn syn tiid de archeology noch yn de berneskuon stie, en dat it net earlik wêze soe om him nei noarmen fan tsjintwurdich te beoardielen.
In oar punt fan krityk op Schliemann is dat er in soad autobiografyske details simpelwei optocht hat, dêr't hy it foar lettere biografen soms frijwol ûnmooglik makke hat om de krekte feiten fêst te stellen. Sa is bygelyks it bekende ferhaal dat Schliemann de 'skat fan Priamus' by in op ynstoarten steande muorre yn de sjaal fan syn frou yn feilichheid brocht sûnder mis ligen: Sophia Schliemann hie op it momint fan de fynst de opgravings al ferlitten om fanwegen de dea fan har heit nei Grikelân werom te gean.
As lêste wurdt Schliemann ferwiten dat er net earlik wie yn syn hannel. In protte fan syn weardefolle fynsten hat er yn it geheim fan Turkije nei Grikelân smokkele. Sadwaande hat er de eask dat de helte fan alle fynsten oan de Turkske steat jûn wurde moast omsile kinnen.
Wurk
bewurkje seksje- Ithaka, der Peleponnes und Troja (1869)
- Mykenä (1878)
- Ilios (1881)
- Troja (1884)
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Birgit Brandau: Troia: Eine Stadt und ihr Mythos |