Helene Fischer
Helene Fischer (berne yn Krasnojarsk as Jelena Petrovna Fischer op 5 augustus 1984) is in Dútske sjongster. Oer de hiele wrâld hat hja miljoenen albums ferkocht en hja wurdt ta de bêst fertsjinjende muzikanten fan 'e wrâld rekkene.
Helene Fischer | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Dútsk | |
berne | 5 augustus 1984 | |
berteplak | Krasnojarsk | |
etnisiteit | Dútsk | |
wurkpaad | ||
sjenre | Pop | |
sjongtaal | Dútsk | |
jierren aktyf | Sûnt 2005 | |
offisjele webside | ||
landingpage.helene-fischer.de |
Libben
bewurkje seksjeHelene Fischer waard yn it Eastsibearyske Krasnojarsk berne as Jelena Petrovna Fischer, dochter fan Peter en Maria Fischer, dy't Swarte-Seedútsers wiene. Har foarfaars stamme út Dútslân, dy't troch Katarina de Grutte nei Ruslân helle waarden. Doe't de bolsjewiken nei de Oktoberrevolúsje oan de macht kamen, waarden in soad fan dy saneamde Wolga-Dútsers nei de wurkkampen fan Sibearje en Kazachstan ferballe. Nei't Adolf Hitler yn 1942 Ruslân binnenfoel, waarden ek de pake en beppe fan Fischer nei it easten deportearre. Yn 1988 waard it foar de Wolga-Dútsers mooglik makke om te emigrearjen. De famylje Fischer makke dêr gebrûk fan en sette har yn Wolstein yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts nei wenjen. Nei de middelbere skoalle studearre hja trije jier oan de Stage & Musical School Frankfurt yn Frankfurt.
Sûnt maaie 2008 hie Fischer in relaasje mei Florian Silbereisen. De twa foarmen faak it ûnderwerp fan spekulative koppen yn de Dútske boulevardparse. Op 19 desimber 2018 waard de skieding fan it pear bekend makke. Hja wiene doe neffens eigen sizzen al in skoftke út inoar, mar bleaune freonen.
Karriêre
bewurkje seksjeYn maaie 2005 ferskynde hja foar it earst op tillefyzje yn it programma "Hochzeitsfest der Volksmusik" fan de ARD. In jier letter brocht hja it earste album út ûnder de titel "Von Hier Bis Unendlich". Der folge in rige albums dy't, yn Dútslân, Switserlân en Eastenryk fakentiden mearfâldich goud en platina waarden. Mei har album "Farbenspiel" slagge it Fischer foar it earst ek in plak yn Deenske en Nederlânske top 10 te heljen.
Yn 2012 ferskynde hja foar it earst as aktrise foar de kamera. Yn de ZDF-tillyzjesearje "Das Traumschiff" hie hja de rol fan de reisliedster Franziska Stein.
Neffens ûndersyk fan de New York Times fan novimber 2018, dêr't de súksesfolste ynternasjonale sjongsters op basis fan de trochsnit ynkomsten per konsert mei inoar ferlikene wurde, stie Fischer op it achtste plak. Dêrmei is hja de meast súksesfolle net-Ingelsktalige sjongster fan 'e wrâld. Ek Forbes Magazin sette har yn dat jier op nûmer acht fan de bêst fertjinjende sjongsters, noch foar Celine Dion en Britney Spears.
Njonken solo-optredens sjongt hja ek duetten mei ynternasjonaal bekende artiesten, lykas Michael Bolton en Robbie Williams. In wike foar syn dea troch in hertstilstân song Udo Jürgens op syn 80e jierdei en lêste optreden tegearre mei Helene Fischer "Merci, Chérie".
Diskografy
bewurkje seksjeUnderskiedings
bewurkje seksje- Bambi
- 2013: yn de kategory Musik National
- 2014: yn de kategory Entertainment
- 2017: yn de kategory Musik National
- Bayerischer Fernsehpreis
- 2015: foar Die Helene Fischer Show 2014 (ZDF)
- Die Eins der Besten (rekordhâldster)
- 2014
- 2015
- 2016
- 2018: yn de kategory Album des Jahres (Helene Fischer)
- 2018: yn de kategory Sängerin des Jahres
- 2018: yn de kategory Hit des Jahres (Herzbeben)
- 2018: yn de kategory Video-Hit des Jahres (Achterbahn)
- 2019: yn de kategory Tournee des Jahres (Stadion Tour 2018)
- 2019: yn de kategory Platin eins der Besten (Helene Fischer)
- 2019: yn de kategory Album des Jahres (Helene Fischer)
- ECHO Pop (rekordhâldster)
- 2009: yn de kategory Künstler/Künstlerin/Gruppe Deutschsprachiger Schlager für Zaubermond
- 2009: yn de kategory Musik-DVD-Produktion foar Mut zum Gefühl – Live
- 2010: yn de kategory Musik-DVD-Produktion foar Zaubermond Live
- 2012: yn de kategory Künstler/Künstlerin/Gruppe Deutschsprachiger Schlager foar Für einen Tag
- 2013: yn de kategory Künstler/Künstlerin/Gruppe Deutschsprachiger Schlager foar Für einen Tag – Live 2012
- 2013: yn de kategory DVD-Produktion national foar Für einen Tag – Live 2012
- 2014: yn de kategory Album des Jahres foar Farbenspiel
- 2014: yn de kategory Künstler/Künstlerin/Gruppe Deutschsprachiger Schlager foar Farbenspiel
- 2015: yn de kategory Schlager foar Farbenspiel
- 2015: yn de kategory Hit des Jahres foar Atemlos durch die Nacht
- 2015: yn de kategory Album des Jahres foar Farbenspiel
- 2015: yn de kategory Musik-DVD/Blu-ray national foar Farbenspiel
- 2016: yn de kategory Album des Jahres foar Weihnachten
- 2016: yn de kategory Musik-DVD/Blu-ray national foar Weihnachten en Farbenspiel Live
- 2016: yn de kategory Live-Act national foar Farbenspiel Live – Die Stadion-Tournee
- 2016: yn de kategory Crossover foar Weihnachten
- 2018: yn de kategory Schlager foar Helene Fischer
- Goldene Henne (rekordhâldster)
- 2007: yn de kategory Aufsteigerin des Jahres
- 2008: yn de kategory Musik
- 2010: yn de kategory Musik
- 2012: yn de kategory Musik
- 2014: yn de kategory Musik
- 2014: yn de kategory Superhenne
- 2016: yn de kategory Musik
- Goldene Kamera
- 2012: yn de kategory Beste Musik National
- 2016: yn de kategory Beliebtester deutscher Musik-Act
- Krone der Volksmusik
- 2008: yn de kategory Erfolg des Jahres 2007
- 2009: yn de kategory Erfolg des Jahres 2008
- 2010: yn de kategory Erfolgreichste Sängerin 2009
- 2012: yn de kategory Erfolgreichste Sängerin 2011
- Live-Entertainment-Award
- 2011: Hallen-/Arena-Tournee des Jahres (So wie ich bin-Tournee)
- 2016: Arena-/Stadion-Tournee des Jahres (Farbenspiel-Tournee)
- 2018: Arena-Tournee des Jahres (Helene Fischer Live 2017/2018)
- Romy
- 2014: yn de kategory Beliebteste/r Moderator/in – Show
- 'Wiener Stadthallen Flügel
- 2018
- St. Georgs Orden
- 2012: yn de kategory Sonderpreis
- World Music Awards
- 2014: yn de kategory Best-selling German Artist
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side
|