Helene van Meekren

Helene van Meekren (Meppel, 6 maart 1881 - Sobibór (Poalen), 16 july 1943) wie in Nederlânske sjoernaliste.

Anna Zuikerberg (links) en Helene van Meekren (1913).

Se wie in dochter fan Jacob van Meekren (1852-1929), konfeksjefabrikant, en Sophie Arons (1859-1939).

Van Meekren wie ien fan de earste froulike sjoernalisten fan Nederlân en wie yn ’e mande mei Anna Elizabeth Zuikerberg it sjoernalisteduo Annalèn. Hja skreaunen foar it Algemeen Handelsblad en foarmen de haadredaksje fan de Rotterdamsche en Amsterdamsche Dameskronieken. Dit wie útsûnderlik, omdat de deiblêdsjoernalistyk yn dy tiid benammen in mannewrâld wie.

Under de Twadde Wrâldoarloch waarden alle sjoernalisten ferplichte harren op te jaan by it Verbond van Nederlandsche Journalisten. Fanwegen har Joadske komôf waard Van Meekren útsletten fan lidmaatskip en ûntslein by de krante. Yn juny 1943 waard Van Meekren arrestearre en deportearre nei Kamp Westerbork. In moanne letter waard hja nei it ferneatigingskamp Sobibór brocht en dêr fuort en daliks fermoarde.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: