Helga Deen (Stettin (Dútslân), 6 april 1925Sobibór (Poalen), 16 july 1943) wie in Dútsk-Nederlânske famke fan Joadsk komôf dy't yn har finzenskip yn Kamp Vught yn 1943 in moanneskoft in deiboek byhâlde foar har feint Kees van den Berg.

Helga Deen

Helga's famylje flechte foar de nazys nei Nederlân. Yn Tilburch gie hja nei de Ryks-HBS. Har mem stipelearre har kultuerele ûntjouwing; Helga spile piano en koe goed tekenje. Sy rekke fereale op de jonge keunstskilder Kees van den Berg.

Nei't de famylje Deen yn febrewaris 1943 út harren hûs set wie, omdat it tawiisd waard oan in ynspekteur fan plysje, waarden hja op 1 april ynternearre yn Kamp Vught. Helga har mem hat dêr in skoft dokter west en wie frijsteld fan transport, mar woe perfoast mei yn july doe't de oaren oerbrocht waarden, fia Kamp Westerbork, nei it ferneatigingskamp yn Sobibór, dêr't se op 16 july fermoarde waarden: Helga, har âlden Willy Deen en Käthe Deen-Wolff, en har broer Klaus Gottfried A. Deen.

 
De Helga Deen-tún yn Tilburch

It deiboek, yn in skoalskrift, wie rjochte oan Kees van den Berg en waard nei har deportaasje it kamp útsmokkele. Kees hold it syn libben lang geheim. Sels stjoerde er oant nei de oarloch brieven oan Helga, mar dy waarden hieltyd weromstjoerd. Helga's deiboek waard earst op 19 oktober 2004 troch Kees van den Berg syn soan Conrad oanbean oan it Regionaal Argyf yn Tilburg.

Op 12 maart 2007 is it deiboek printe en útbrocht (útjouwerij Balans).

Der is in betinkingsstien foar de famylje Deen set oan de wei nei de gaskeamers (Himelstrasse) yn Sobibór yn april 2007. It terrein yn Tilburch dêr't ea it postkantoar stie, njonken de synagoge, is troch de gemeente fannijs ferneamd ta Helga Deen-tún.

  • Helga Deen: Dit is om nooit meer te vergeten. Dagboek en brieven van Helga Deen 1943, Balans 2007. 159 siden, ISBN 978-9050188418

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Tv-programma Netwerk, 12 maart 2007