Helmert Woudenberg

Helmert Woudenberg (Elspe, 15 febrewaris 194523 novimber 2023) wie in Nederlânske akteur, toanielregisseur en skriuwer.

Helmert Woudenberg
akteur
Helmert Woudenberg yn 1980
Helmert Woudenberg yn 1980
persoanlike bysûnderheden
berne 15 febrewaris 1945
stoarn 23 novimber 2023 (78 jier)
jierren aktyf 1971-2023
prizen Sulveren Nipkowskiif 1980
offisjele webside
(in) IMDb-profyl
(ned) TMDb-profyl

Woudenberg waard grutbrocht yn in pleechgesin yn Hilversum. Syn heit Jan (Velsen, 1920) sneuvele yn jannewaris 1945 by de Poalske stêd Kalety as Untersturmführer yn in Nederlânske Waffen-SS ienheid, in moanne foar't Helmert berne waard. Syn pake wie de NSB-lieder Hendrik Jan Woudenberg. Oer dy famylje-eftergrûn spile Woudenberg yn in toanielstik fan jeugdfreon Ischa Meijer mei de titel: Leefbaar - de Jood en de NSB 'er (2004). Hy wurke dêrnei foar Toneelgroep Centrum en wie in pear jier, tegearre mei Gees Linnebank, artistyk lieder fan Toneelgroep Theater. Oer syn metoade fan ymprovisearjend toanielspyljen skreau er it boek Vuur, Water, Lucht & Aarde.
Woudenberg die yn 1968 eineksamen oan de Amsterdamske Toanielskoalle en wie yn 1969 ien fan de oprjochters fan it teäterkollektyf Het Werkteater.

By it gruttere publyk waard er bekend troch syn rol yn de film Blue Movie (1971), dy't in soad opskuor joech, en de ferfilmingen fan Werktheaterproduksjes. Yn de plysjesearje Flikken Maastricht spile hy de rol fan Eugène Hoeben yn de seizoenen 2 oant en mei 4. Woudenberg makke in lange rige fan foarstellingen, wêrûnder solofoarstellingen oer it libben fan Jezus Kristus en Pim Fortuyn. Syn alfde solo yn it teäter; Waterman, (2009) giet oer it libben fan Hatty Waterman, in Joad dy't as iennige efterbleau, nei't syn âlden en trettjin broerkes en suskes yn de Twadde Wrâldoarloch deadien wiene. Yn 2010 spile er tegearre mei Sarah Eweg de foarstelling De Olifant en de Duif, oer it libben fan de Meksikaanske skilderes Frida Kahlo en yn 2011 mei Ali KouchAnton de foarstelling Identiteit. Yn 2012 spile er mei Ali Kouchiry, Sarah Eweg en Guido de Wijs it stik De sultan en de jood. Yn 2016 hied er yn Landverraderde rol fan syn pake Hendrik Jan, dy't ûnde de Dútske besetting beneamd waard ta lieder fan it Nederlandse Arbeidsfront. Yn 2023 spile er syn sechstjinde solo toanielspiler Louis Bouwmeester.

Yn 2021 waard Woudenberg beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Under oare:

  • We Zijn Weer Thuis, Dr Paalhof (1989 - 1994)
  • Otje, Minister-Presidint (1998)
  • Flikken Maastricht, Eugene Hoeben (2008-2010)
  • Spoorloos verdwenen, Jack Molen
  • Villa achterwerk - De Popgroep, De Man die zijn hond kwijt is (2009)
  • Feuten, Onno Bolhuis (heit fan Hendrik en Freek Bolhuis (2010)
  • Baantjer, Hector van de Cleemput (fertochte yn moardsaak)
  • Divorce, klant fan makelder (seizoen 4 ôflevering 10)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: