Helsingborg is de haadstêd fan de gemeente Helsingborg yn de provinsje Skânelân en it lânskip Skâne; dit binne de súdlikste provinsje en it súdlikste lânskip fan Sweden. Helsingborg hie 91.457 ynwenners yn 2005.

Helsingborg
Flagge Wapen
Polityk
Lân Sweden
Provinsje Skånelân
Gemeente Helsingborg
Sifers
Ynwennertal 113.816 (2020)
Oerflak 38,41 km² (ynkl. wetter)
Befolkingstichtens 2.529 / km²
Hichte 10 m
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside www.helsingborg.se

Helsingborg leit oan it smelste part fan de Sont, tsjin de Deenske stêd Helsingør oer. Der is in tige frekwinte fearferbining tusken beide stêden, mei in reistiid fan 20 minuten, net mear as in trem yn in grutte stêd. Helsingborg is in yndustryplak fan belang en hat de twadsgrutte haven fan Sweden. Besuden Helsingborg mûnet de rivier Råån yn de Sont út.

Helsingborg, oarspronklik in Deenske stêd, is ien fan de âldste stêden yn it Sweden fan no. Ut reden fan syn strategyske lizzing hat der in soad striderij om de stêd west.

De earste fernijing fan de stêd wie yn in oarkonde út 1085. Fan 1360 ôf oan stie de stêd ûnder ynfloed fan de Hânze. Oant 1658 wie de stêd Deensk en yn 1676 en 1677 op 'en nij. Letter waard de stêd oan Sweden oerdroegen.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Stortorget (gemeentehûs)
  • Kärnan (toer)
  • Park Slottshagen
  • Jakob Hansen Hûs (fakwerkhûs)
  • Mariakyrkan (tsjerke)
  • Stedsmuseum
  • Vikingsberg Keunstmuseum
Stedsdielen fan Helsingborg
(Yndieling en ynwennertal op 1 jannewaris 2007)[1]
 
1 Norr (3561) 12 Sintrum (3318) 22 Närlunda (1123)
2 Mariastaden (2497) 13 Eneborg (3859) 23 Eskilsminne (1849)
3 Ringstorp (2788) 14 Wilson Park (2043) 24 Gustavslund (2803)
4 Berga (1694) 15 Rosengården (4417) 25 Planteringen (2673)
5 Drottninghög (2808) 16 Husensjö (1603) 26 Elineberg (2138)
6 Dalhem (4610) 17 Sofieberg (1607) 27 Ramlösa (4586)
7* Tågaborg (7155) 18 Adolfsberg (4284) 28 Miatorp (2426)
8 Stattena (2546) 19 Söder (3680) 29 Högasten (983)
9 Fredriksdal (4236) 20 Högaborg (4083) 30 Ättekulla (3751)
10 Slottshöjden (3548) 21 Fältabacken (962) 31 Råå (3022)
11 Olympia (1847)
*Tågaborg bestiet statistysk út twa parten, op de kaart as 7a en 7b Tågaborg N (7a) och Tågaborg S (7b) oanjûn.

Klimaattabel

bewurkje seksje

[2]

Moannetrochsneed jan feb maa apr maaie jun jul aug sep okt nov des
Maksimum-trochsneed temperatuer 2 4 6 12 16 19 21 22 18 12 6 3
Minimum-trochsneed temperatuer -1 -1 0 3 7 11 13 13 10 6 3 0
Delslach 40.1 43 36.8 31.6 57.3 80 73 74.1 50.4 70 48.5 51.9

Berne yn Helsingborg

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Helsingborgs stêd: "Folkmängd efter ålder 1 januari 2007" Berjocht:Pdf
  2. MSN Weather - Helsingborg, SWE