It Hemmemapark is in park yn Berltsum. It behear, fernijing en ûnderhâld, wurdt dien troch de Stichting Hemmemapark. De yngongen fan it park lizze oan de Wiersterdyk, de Bildtdyk en fanút de Singel. It súdlike diel fan it park leit op en om t histoaryske terrein fan Hemmemastate. Hjir is noch te sjen hoe't de terreinynrjochting fan in stateterrein út de midsiuwen der út seach. De state is om ± 1750 ôfbrutsen.

Utsjochtoer Hemmemapark
Appelhôf Hemmemapark

It park is 7 hektare grut en bestiet út in wetterpartij mei in 400 m iisbaan, in âlde heechstamme hou, 2 km wannel- en fytspaden en 2 hektare ôfwikseljende soartenrike beplanting. De earste plannen binne fan 2002. De fiver is oanpakt, beammen binne plante, grûn fersetten en der binne paden en in brechje komd.

Yn 2007 binne opnij skulpepaden oanlein en is der in útsjochtoer komd. By it ûntwerp is rekken hâlden mei de bysûndere lizzing neist de Klaaifeart. De Klaaifeart is no ûnderduiiel fan in kanorûte. De feart wie eartiids de farferbining tusken Berltsum en de Waadsee/Noardsee. Berltsum wie doe, sa'n sânhûndert jier lyn, in fiskers- en hannelsdoarp mei stedsrjochten. It ûntwerp is dêrom yn de foarm fan in beaken, setten op in terp. It binne symboalen foar in feilige skipfeart en feilich wejen yn in woelige see.

It nije Hemmemastate bestiet út tsien huzen dy 't wat materiaal en foarmjouwing oanbelanget in ienhei foarmje mei it Hemmemapark. Der is in sichtas rjochte op de útsjochtoer. It symbolisearret it byld fan in earsere state mei haadgebou en meardere bygebouwen. Dit alles mids in grêft en in linebeamleane.

Yn 2009 kaam der in útwreiding yn de rjochting fan de Bildtdyk. Net allinnich gewoane beammen, yn it âlde fruitbeamgedielte is doe ek in picknicktafel delsetten. Yn it park kin kuiere, fiske en fytst wurde. Der wurde ek aktiviteiten dien mei it doarpsfeest, sa wiene der wetterspullen yn 2005. Foar skoallen wurde wol ekskurzjes hâlden en komt de Jûnsfjouwerdaachske der troch.