Hemmemastate (Berltsum)
Hemmemastate wie in state yn Berltsum. Allinnich de poarte fan de eardere state is bewarre bleaun en hjit noch Hemmemapoarte. Yn de Hemmemapoart is noch altiten de stien mei it alliânsjewapen fan Hemmema-Gratinga te sjen.
Foar safier bekend is de state yn de 15e iuw of al (folle) earder boud, mooglik as fort om de haven fan Tuytkum/Utgong te beskermjen, wat ferklearje soe wêrom't dizze state as ienige yn Fryslân bûten de âlde seedyk boud is. It laach sels is frij seker folle âlder mar de earste bewenner dy't neamd wurdt is Doeke Hemmema.
Syn soan Hette Hemmema is noch yn 1491 âlderman fan Berltsum. De funksje fan âlderman hold yn dat de beklaaier fan de funksje oan it haad fan it stedsregear stie. Dêrút soe bliken dwaan dat net allinnich it havenstedsje Tuytkum, dat oan de ein fan de 15e iuw allang yn Berltsum opgien wie, mar dat ek Berltsum stedsrjochten hân hat.
Yn 1492 liet Hette syn Skieringer partijgenoat Bocke Harinxma by de fjildslach tsjin Ljouwert en Grins yn 'e kjeld stean en slút, mei oare Skieringer haadlingen temûk in ferdrach mei Grins. Kleardernôch fertrouden de Grinzers him net, want yn 1496 belegeren se Hemmemastate en feroveren it, mar stutsen it net yn de brân. Hja woenen it sterke kastiel sels brûke, mar de besetting duorre net lang. Al rillegau ferovere Hette syn hûs werom, doe't de Grinzers útrukt wienen op in oare ekspedysje. Tsjerklik wie Hette in herfoarmingsgesind man. Hy besocht yn 1480 (in iuw foar de reformaasje) in kleaster yn Berltsum te stichten fan de foarútstribjende oarder fan de "Broeders des Gemeenen Levens". Nei in tal problemen slagge him dat, mar troch te min meiwurking fanút de roomske tsjerke hat dat kleaster mar sa'n 8,5 jier bestien.
It Hemmemaskaai stoar yn 1721 mei Doecke Doeckes van Hemmema út. De state kaam doe yn hannen fan Carel Duco d’Aumale, dy't it gebou noch moaier makke, mar nei't er yn 1746 ferstoar by in Frânske fjildtocht waard it slot ferkocht oan in Quader. Dy hat opdracht jûn om Hemmemastate ôfte brekken om it frijkommen boumateriaal goed te ferkeapjen. De Hemmemapoarte bleau lykwols sparre en dy stiet ek noch bekend ûnder de namme d'Aumalepoarte.
It súdlike diel fan it tsjintwurdige Hemmemapark leit op it histoaryske steed fan de ± 1750 ôfbrutsen Hemmemastate.
Bewenners
bewurkje seksje- 2e helte 15e iuw Doecke Hemmema
- ± 1491 Hette Doeckes Hemmema
- - 1503 Doecke Hettes fan Hemmema (boaske oan Bauck Poppema
- 1503-1572 Hette Doeckes fan Hemmema
- 1572-1584 Sicke Hettes fan Hemmema
- 1584-1603 Sierck Sickes fan Hemmema
- 1603-1646 Sicke Siercks fan Hemmema
- 1646-1698 Doecke Siercks fan Hemmema, broer fan foargeande
- 1698-1721 Doeke Doeckes fan Hemmema
- 1721-1729 Civile Susanna du Tour, widdo fan Doeke Doeckes
- 1729-1746 Carel Duco greve d’Aumale
- 1747 de hear Quader; state sloopt
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|