Bauck Poppema of Bauck Foppesd. fan Popma en Bauck Hemmema (Skylge -Berltsum, 1501) wie in legindaryske Fryske heldinne, ferneamd troch har rol by de ferdigening fan Hemmemastate yn it konflikt tusken de Skieringers en de Fetkeapers yn 1496.

Back wie in dochter fan de Skylger haadling Foppe Popma en Wilsck Aedesd. Gerbranda.

Poppema wie it wiif fan Doeke Hettes Hemmema († 1503), in bûnsgenoat fan de Skieringers. Yn 1496 ferdigene Poppema, dy't doe swier wie, de state in skoftlang tsjin belegerders út de stêd Grins. Hemmemastate moast lykwols belies jaan doe't er fersterking kaam. De besetting fan Hemmema waard deamakke en Poppema waard fêstset yn Grins. It ferhaal wol dat sy yn de finzenis, boeid en al, it libben joech oan in twaling. Sy waard frijlitten yn 1497.

Bauck Poppema is in metafoar fan in "dappere frou" wurden en it ideaal fan in Fryske heldinne. Sy waard wol fergelike mei Jeanne Hachette en Kenau Simonsdochter Hasselaer.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: