Kenau Simonsdochter Hasselaer

Kenau Simonsdochter Hasselaer (soms stavere as Hasselaar; Haarlim, 1526 – op 'e Noardsee, 1588) wie in Nederlânsk skipsbouster en houtkeapfrou út 'e Hollânske stêd Haarlim. Hja waard bekend en wûn grutte rom mei har liedende rol yn it anty-Spaanske ferset ûnder it Belis fan Haarlim yn 1572 en 1573, yn 'e Tachtichjierrige Oarloch. Neitiid waard se yn Nederlân iuwenlang sjoen as in heldinne. Mar om't se in frou wie dy't har op it (tradisjoneel manlike) mêd fan 'e oarlochfiering bejûn hie, waard har namme tagelyk synonym mei in manwiif, wylst sysels sjoen waard as in frommes mei hier op 'e tosken. Yn 'e twadde helte fan 'e tweintichste iuw besochten ferskate skiedkundigen dat byld by te stellen.

Kenau Simonsdochter Hasselaer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kenau Simonsdochter
   Hasselaer
nasjonaliteit Steatsk
berne 1526
berteplak Haarlim (Hollân)
stoarn 1588
stjerplak op 'e Noardsee
etnisiteit Nederlânsk
wurkpaad
berop/amt skipsbouster, keapfrou
aktyf as liedster anty-Spaansk ferset
reden
  bekendheid
har rol yn de
   Tachtichjierrige Oarloch

Kenau waard yn 1526 berne yn Haarlim ûnder de namme Kenau Simonsdochter. Hoewol't hja letter bekend kaam te stean ûnder de efternamme Hasselaer, brûkte hja dy namme sels net, sa't bekend is út autentike histoaryske stikken. De namme Hasselaer kaam fan 'e famylje fan har mem, Guerte Coenen, dy't de dochter wie fan in Coen Hendrikszoon Hasselaer. Kenau har heit wie Simon Gerritszoon, brouwer te Haarlim oan it Donkere Spaarne. Yn guon publikaasjes wurdt fernijd dat har heit boargemaster fan Haarlim wie, mar moat op in misferstân berêste, mei't er as sadanich net yn 'e histoaryske stikken foarkomt. In suster fan Kenau wie troud mei Hadrianus Junius, de liifdokter fan Willem fan Oranje. Har muoikesizzer Pieter Hasselaer tsjinne as boade foar de prins. Yn 1554 troude Kenau mei de skipsbouwer Nanning Gerbrantszoon Borst, mei wa't se fjouwer dochters krige. Acht jier letter, yn 1562, waard se widdo, en dêrnei hie se it bewâld oer de skipswerf fan har man silger.

 
In bekende 17e-iuwske gravuere fan Kenau Simonsdochter Hasselaer.

Under de Tachtichjierrige Oarloch sleat Haarlim him oan by de Opstân yn 'e Nederlannen tsjin 'e Spaanske oerhearsking. Op 11 desimber 1572 sloech don Freark, de soan fan 'e hartoch fan Alva, mei in Spaansk leger belis foar de stêd. Under dat Belis fan Haarlim stie it geuzegarnizoen fan 'e stêd ûnder lieding fan 'e Grinslânske jonker Wigbolt Ripperda. Kenau levere yn dy tiid timmerhout foar it meitsjen fan boaten wêrmei't besocht waard de stêd oer de Haarlimmermar te befoarriedzjen.

Neffens eachtsjûgeferslaggen út dy tiid namen alle ynwenners fan 'e stêd (manlju, froulju en bern) diel oan it reparearjen fan 'e stedswâlen dy't skansearre rekke wiene troch Spaanske kanonnen. In yn it Latyn skreaun eachtsjûgeferslach makke yn it bysûnder melding fan 'e krigelens by dat wurk oan 'e stedswâlen fan in frou dy't Kenau hiet. Fierders waard ek fernijd dat de befolking fan Haarlim fan 'e wâlen ôf de Spaanske soldaten weromdreau troch brânend strie en siedende pik oer harren hinne te smiten. Dêrtroch waard op 20 desimber in earste bestoarming fan 'e Spanjerts ôfslein mei swiere ferliezen oan 'e kant fan 'e oanfallers. Nei ferrin fan tiid doeken der ferhalen op dat it Kenau west hie dy't it siedende pik oer de Spanjerts útgeat. It is lykwols ûnbekend hoefolle oft dêr fan wier is.

Nei in belis fan goed sân moannen moast it úthongere Haarlim him op 13 july 1573 oan don Freark oerjaan. It garnizoen waard dêrop foar it grutste part troch de Spanjerts fermoarde, en itselde lot trof in grut tal foaroansteande boargers fan 'e stêd. Under betelling mocht in diel fan 'e ynwenners it ferrinnewearre Haarlim lykwols ferlitte, en ta dy groep hearde ek Kenau. Hja sleat neitiid in kontrakt mei de Delftske bierbrouwer David Janszoon, wêrnei't se yn septimber 1574 alwer beëdige waard as waachmasteresse yn 'e Siuwske stêd Arnemuiden. Dêr bleau se teminsten oant 1576. Yn 1577 wie se neffens bewarre bleaune dokuminten út dy tiid ynwenster fan Leien, en dêrnei moat se weromkeard wêze nei Haarlim, dêr't se yn 1579 wer yn dokuminten neamd wurdt, sûnder lykwols fermelding fan lykfol hokker heldestatus.

 
Kenau op in anonym portret yn it Ryksmuseum.

Under har libben lei Kenau op in minne namme yn har thússtêd. Dat waard benammen feroarsake troch har lestige karakter. Ut ferskate gerjochtlike boarnen docht bliken dat se oanhâldend lju foar de rjochter dage om saaklike skelen. Hast tweintich jier nei har dea waard se yn Haarlim noch fersliten foar in hekse; dat wie trouwens in mislediging dy't doedestiden oates en toates tsjin froulju utere waard dy't tefolle op 'e foargrûn trêden yn in folslein troch manlju dominearre maatskippij. Yn 1585 klage se de stêd Haarlim oan, dy't har nea betelle hie foar it skipshout dat se ûnder it belis levere hie. Pas nei har ferstjerren, yn 1593, waard dy skuld oan har erven foldien.

De libbensein fan Kenau is noch altyd fierhinne in riedsel. Under in seereis nei Noarwegen, yn 1588, mei de bedoeling en keapje dêr hout yn, waard hja neffens har dochters fermoarde troch seerôvers. Kenau hie in eigen skip foar sokke reizen, dy't se likernôch fiif kear yn 't jier makke. Har dochters spanden yn maaie 1589 in proses oan tsjin 'e skipskaptein Lieven Hansz. út Holstein, dy't Kenau har skip yn besit bliek te hawwen. Hansz. bewearde ûnder de rjochtsaak dat er it skip earlik kocht hie fan in havenbeämte yn Flensburg, dy't belêstge wie mei de ferkeap fan ferlitten skippen. Kenau har skip soe ûnbemanne omdriuwend op see oantroffen wêze. Der giene lykwols ek geroften dat Kenau útpykt wie fanwegen finansjele swierrichheden.

 
Kenau mei har troep fan 300 froulju op 'e wâlen fan Haarlim yn gefjocht mei de Spanjerts, op in skilderij fan Barend Wijnveld en Johannes Hinderikus Egenberger út 1854.

Tsjin 'e ein fan 'e sechstjinde iuw ûntstiene der ferhalen oer Kenau as in útsûnderlik moedige frou, dy't in helderol spile hawwe soe yn 'e Tachtichjierrige Oarloch. Har rol ûnder it Belis fan Haarlim woeks almar fierder út, oant hja tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw sels in leger fan 300 froulju oanfierd hawwe soe yn 'e striid tsjin 'e Spanjerts. Dy fiktive ferzje fan 'e foarfallen yn it Haarlim fan 1572 en 1573 waard neitiid troch ferskate Nederlânske en bûtenlânske skriuwers brûkt as ynspiraasje foar romans en teminsten ien film.

Dit (nei alle gedachten ûnwiere) ferhaal giet werom op in beskriuwing fan it belis troch Kenau har tiidgenoat Emanuel van Meteren, dat seit: "Die van binnen Haerlem hadden ooc een cloecke vrouwe ende eerbaer weduwe, omtrent XLVI jaren out, Kennau genoemt, die dander vrouwen in allen noot aenvoerde ende met eenighe andere veel manlycke daden boven vrouwen aert bedreef op ten vijant, met spiessen, bussen ende sweert, als een man haer behelpende in vrouwelycke habijt." Hjirby wurdt lykwols net sein dat se de oare froulju yn 'e striid oanfierde, mar krekt dat sy en in pear oare froulju oan 'e striid dielnamen. Los dêrfan wurdt it wierheidsgehalte fan dit ferslach troch moderne histoarisy as twifelich beskôge, mei't yn oare kontemporêne boarnen omdôch socht nei soartgelikense ynformaasje.

 
Kenau en de Froulju fan Haarlim, in byldhouwurk fan Theo Mulder by de Amsterdamske Poarte yn Haarlim.

Yn in yn 1586 skreaun fersykskrift oan it stedsbestjoer fan Haarlim ferwiisde Kenau sels der ek hielendal net nei dat se meifochten hie, hoewol't se der wol op wiisde dat se bydroegen hie oan 'e ferdigening fan 'e stêd. Dêr kin lykwols fan alles ûnder ferstien wurde. De Haarlimmer skiedkundige Cornelius Ekama wie yn 1872 ien fan 'e earsten dy't de rol fan Kenau ris kritysk ûnder de loep naam. Hy wiisde derop dat de Spanjerts nei it belis in list fan saneamde oarlochsmisdiedigers opsteld hiene, dêr't lykwols inkeld manlike ynwenners fan 'e stêd en leden fan it garnizoen op stiene. Gjin inkele Spaanske boarne makket melding fan ienige foarm fan froulik ferset. Gravueres út 'e tiid fan 'e belegering en de oerlevere ferslaggen wize der ek op dat der ûnder it Belis fan Haarlim allinnich mar troch manlju direkt tsjin 'e Spanjerts fochten waard.

Nei Kenau Simonsdochter Hasselaer binne ferneamd: it Kenaupark en de Kenaustraat yn Haarlim (de Eerste en Tweede Hasselaerstraat en it Hasselaerplein, yn dyselde stêd, binne net ferneamd nei Kenau, mar nei har muoikesizzer Pieter Dirksz. Hasselaer). Fierders: de Kenau Hasselaerstraat yn Flissingen, de Kenau Simons Hasselaarstraat yn Amsterdam, de Kenaustraat yn De Haach, de Kenaustraat yn Utert en de Kenauweg yn Leien.

Yn 1808 skreau Adriaan Pietersz. Loosjes de trageedzje Kenau Hasselaar, of: De Heldin van Haarlem. Romans oer Kenau binne: The Hasselaers, fan E.E. Cooper, út 1880; Kenau, fan Theun de Vries, út 1945; An Army of Judiths: A Novel of Kenau Hasselaar of Haarlem, fan C.J. Underwood, út 2013; en Kenau: Roman, fan Tessa de Loo, ek út 2013. Yn 2014 gie de spylfilm Kenau yn premiêre, dy't regissearre waard troch Maarten Treurniet, mei aktrise Monic Hendrickx yn 'e titelrol.

Skiedkundige literatuer

bewurkje seksje
  • Kloek, Els, Kenau: De Heldhaftige Zakenvrouw uit Haarlem (1526-1588), Hilfertsom, 2001 (Uitgeverij Verloren), ISBN 9 06 55 04 567.
  • Kloek, Els, Kenau & Magdalena: Vrouwen in de Tachtigjarige Oorlog, Nimwegen, 2014 (Vantilt), ISBN 978-9 46 00 41 587.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Noten en Bronnen, op dizze side.