Hemming, wie in Deenske Wytsing, dy't yn de 9e iuw oer Riustringen (East-Fryslân) hearske as greve fan de Frankyske kening Lotarius I.

Hemming wie lykas Harald en Rorik in soan fan de Deenske kening Anulo fan it skaai Haithabu.

Hy waard yn 841 tegearre mei Harold troch keizer Lotarius II beneamd ta greve oer in foarstendom yn Nederlân, dat yn dy tiid noch Fryslân hiet. It Frankyske ryk dêr't Fryslân ta hearde hie it doe swier te stellen mei plonderingen troch Wytsings. De keizer hie de stille hoop dat sy harren foarstendommen beskermje soenen tsjin de Deenske Wytsings.

  • Gerlof Verwey, Geschiedenis van Nederland, Amsterdam, 1995, s. 101.