Harald II

(Trochferwiisd fan Harald)

Harald II, wie in Deenske Wytsing, dy't yn de 9e iuw (841-864) oer it Siuwske eilân Walcheren hearske. Fan de Frankyske kening Lotarius I krige hy it greefskip yn lien tawiisd.

Skiednis bewurkje seksje

Harald wie de soan fan de Deenske kening Anulo fan it skaai Haithabu. Hy wie in broer fan Roarik en Hemming.

Yn 841 waard hy troch keizer Lotarius II beneamd as Greve fan it eilân Walcheren. Nederlân, dat doe Fryslân hiet, hie doe slim te lijen fan plonderingen troch de Wytsingen. De keizer hie de stille hoop dat Harold hjirtroch syn stamferwanten út Denemarken tsjinhâlde soe. Dochs waarden yn 863 fanút de Skeldemûning troch Harold plondertochten hâlden dy't fier it Midden-Frankenlân ynkrongen, oan Keulen en Neuss ta.

Net folle letter kaam Harald (864) te ferstjerren en waard opfolge troch syn soan Rudolf.

Literatuer bewurkje seksje

  • Gerlof Verwey, Geschiedenis van Nederland, Amsterdam, 1995, s. 101, 112.