Hendrik ten Hoeve Pries
De Hendrik ten Hoeve Pries is in priis foar Ljouwerters dy't harren pân, tún of hiem yn âlde gloarje werombrocht hawwe. De priis bestiet út in lyts tegeltablo mei de namme fan de priis, it jiertal en it adres. Stedkenner Hendrik ten Hoeve ferstoar yn 2009. De histoaryske feriening Aed Levwerd rikt de priis út op de jierlikse Liwwadderdag yn Sealen Schaaf.
De priis waard foar it earst útrikt op 15 april 2012. Winners wienen doe Rients Gratama en Carla van der Heijde, dy't oan de Eastergrêftswâl wenje en Hein de Graaf en Marijke Tiemersma yn de Beginestrjitte.
Winners
bewurkje seksje- 2019: Famylje Van der Schaaf (Lieuwe Jellingastrjitte, Britsum)
- 2017: Erwin Hamming-Schott en Niels Schott-Haming (Johan Willem Frisostrjitte 2)
- 2015: Cor Giesing en Hester Heldoorn (Molestrjitte 38)
- 2012: Carla van der Heijde (Eastergrêftswâl 25) en Hein de Graaf en Marijke Tiemersma (Beginestrjitte 30)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |