Hendrik ten Hoeve
- Dizze side giet oer it Ljouwerter PvdA-riedslid. Foar de FNP-politikus en OSF-senator, sjoch: Hindrik ten Hoeve.
Hendrik ten Hoeve, (Ljouwert, 25 oktober 1945 - dêre, 13 desimber 2009), wie sûnt 1974 PvdA-riedslid fan Ljouwert en wie oant 2004 fise-foarsitter fan de PvdA-fraksje yn de gemeenteried.
Soan fan fiskhanneler Jacob ten Hoeve (Ljouwert, 7 jannewaris 1906 - Noardburgum, 8 maart 1983) en Margje Wierda (Nijega HON 12 jannewaris 1908 – Ljouwert, 25 jannewaris 2000) en twillingbroer fan Sytse ten Hoeve. Fan 1958 oant 1962 giene beide jonges nei de ULO yn de Karel Doormanstrjitte yn Ljouwert. Yn dizze tiid ûntwikkele er syn niget oan kultuer. Yn fakânsjes gie de twilling nei safolle mooglik âlde binnenstêden, tsjerken, kastielen en museums.
Neist syn wurk as politikus stie Hendrik ten Hoeve bekend as in grut stêdskenner. Syn hûs wie in soarte fan 'Ljouwertmuseum' en hy skreau boeken oer âld-Ljouwert en hâlde praatsjes foar radio en telefyzje. Tweintich jier lang wie hy ien fan de driuwende krêften efter de Ljouwerter Iepen Monumintendei. Hy krige hjirfoar yn 2008 it gouden Ljouwerter Liuwke. Yn 1995 waard hy ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Hendrik ten Hoeve ferstoar yn 2009 troch in ûngemak yn syn hûs oan de Munnikemuoarrestrjitte. Hy wie 36 jier lid fan de gemeenterie. Ten Hoeve waard begroeven op it Noarderbegraafplak.