Sytse ten Hoeve
Sytse ten Hoeve (Ljouwert, 25 oktober 1945 - Snits, 1 jannewaris 2016) wie in tsjerkekenner, histoarikus, geakundige en museumdirekteur.
Libben en wurk
bewurkje seksjeHy wie in soan fan fiskhanneler Jacob ten Hoeve ( Ljouwert, 7 jannewaris 1906 - Noardburgum, 8 maart 1983) en Margje Wierda (Nijega HON 12 jannewaris 1908 – Ljouwert, 25 jannewaris 2000) en twillingbroer fan Hendrik ten Hoeve. Fan 1958 oant 1962 giene beide jonges nei de ULO yn de Karel Doormanstrjitte yn Ljouwert. Yn dizze tiid ûntwikkele er syn belangstelling foar kultuer. Op fakânsje gie de twilling nei safolle mooglik âlde binnenstêden, tsjerken, kastielen en museums. Nei de ULO giene de bruorren yn 1962 nei de kweekskoalle Mariënburg en Sytse skreau as eksamenstik in wurkstik oer tsjerke-ynterieurs. By in tydlike oanstelling yn Dronryp wenne er in skoft yn it bertehûs fan Eise Eisinga. Dêrnei waard er ûnderwizer yn Nijlân, oan de râne fan de Súdwesthoeke dêr’t er fuortendaliks de skiednis fan ûndersocht. Hy skreau doe al artikels yn it Snitser Wykblêd, wie tsjerkefâd en belutsen by meardere tsjerkerestauraasjes. Fierders wied er aktyf by de Stichting Alde Fryske Tsjerken, by de Stichting Ald Snits en by de Provinsjale Advyskommisje Monumintesoarch. Bûten Fryslân siet er yn de Stichting Kerkelijk Kunstbezit in Nederland (1980-1999) en de Stichting Protestantse Kunst in Nederland (1982-1999).
Aktiviteiten
bewurkje seksjeNet allinnich it wurd, mar ek de muzyk yn tsjerken hie syn ynteresse, bygelyks as lid fan de Ljouwerter Kantorij. Yn Nijlân sette er it doarpsblad Nijslân op en skreau dêr ek foar. Doe’t it doarp yn 1975 750 jier bestie, beskreau er de skiednis fan de tsjerke en organisearre mei oaren in grut feest mei in reuny, tentoanstelling en doarpsrevu. Dêrfoar waard er middels in houten peinje beneamd ta eareboarger fan Nijlân. Letter waard er ek beneamd ta Wetterpoarter (eareboarger fan Snits) en noch wer letter krige de kultuerpriis fan de gemeente Wymbritseradiel. Fan 1979 oant 1991 wie er foarsitter fan it Wurkferbân Pleatslike Skiednis fan de Fryske Akademy, fan 1980 - 1991 siet er ek yn it deistich bestjoer fan de Fryske Akademy. Fan 1980 Oant 1996 wie hy redakteur fan De Vrije Fries, wêrby't hy talleaze oanfollings en ferbetteringen suggerearre. De pleatslike skiednis beoefene er net allinnich foar Nijlân. Faak siet er yn it Snitser gemeenteargyf om dêr de skiednis fan persoanen en/of gebouwen te efterheljen. Syn artikelen yn it Snitser Nijsblêd (sûnt 1996 wykliks) tsjûgje dêrfan.
Frysk Skipfeart Museum
bewurkje seksjeYn 1976 waard er direkteur fan it Frysk Skipfeart Museum yn Snits. Yn ien fan syn earste tentoanstellings makke hy de brêge fan it ûnderwiis nei it museum: Skipfeart op skoalplaten. Inkele fan de tentoanstellings fan syn hân: De Snitser Wetterpoarte (1976), Wettersport rûnom Snits (1977), Skilderijen fan Olaf Cleofas van Overbeek (1979), De âlde skilderswinkel (1983), Foto's fan Martin Kers (1985), Tsjerkeskipkes (1985), Boartersskipkes (1987), Tichelfeart (1988), Fryske Ielaken (1990), Fryske skipssier (1992), Skipswynfanen yn Fryslân (1995) en De skipkilder Dirk Piebes Sjollema (1998). Dat bleau hy oant 2006, doe't hy opfolge waard troch Meindert Seffinga.
Yn de rin fan de jierren is it museum groeid. Al ûnder syn foargongers A.M. Sustring (foarsitter fan de Feriening Frysk Skipfeart Museum) en H. Halbertsma (honorêr konservator) wie it proses fan útwreiding fan it museum yn gong setten. It tal gebouwen en de kolleksje namen ta. Yn 1976 bestie de kolleksje fan it museum út 4357 dingen. Yn de perioade 1976-2000 is de kolleksje mei 12.963 objekten groeid. Sytse ten Hoeve hat mear as 25 jier direkteur fan it Frysk Skipfeart Museum west en naam yn 2005 ôfskied.
Ten Hoeve wie Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Prizen
bewurkje seksje- Dr. Joast Halbertsmapriis foar wittenskiplik wurk fan de Provinsje Fryslân
- Sulveren Anjer fan it Provinsjaal Anjerfûns Fryslân
- Kultuerpriis fan de gemeente Wymbritseradiel
- De Ottema-Kingmapeinje fan de Ottema-Kingma Stichting