Hendrik van der Zee

Hendrik van der Zee (Ljouwert, 1967) is in Frysk dammer dy't fan berop notaris waard nei syn stúdzje oan de Ryksuniversiteit Grins. Letter wenne er yn Apeldoorn.[1] Hy hat de titels Ynternational Grutmaster en Nasjonaal Grutmaster.

Hendrik van der Zee
sporter
Hendrik van der Zee op it NK fan 1987.
Hendrik van der Zee op it NK fan 1987.
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 1967
berteplak Ljouwert
sportive ynformaasje
sport Damjen
earste titel 2x Nederlânsk jeugdkampioen
wichtige prestaasjes
2e NK damjen

Nederlânsk kampioenskip

bewurkje seksje

By de Nederlânske jeugdkampioenskippen waard er twa kear kampioen, sawol by de aspiranten as by de junioaren. Hy is in mearfâldich dielnimmer oan it Nederlânsk kampioenskip, mei as bêste prestaasje in dield twadde plak yn 1988 en 1991.

Ynternasjonaal

bewurkje seksje

Van der Zee waard twadde op it Jeugdwrâldkampioenskip fan 1984 nei in barraazje om de titel mei Guntis Valneris. Hy die mei oan it Europeesk Kampioenskip fan 1987 yn Moskou mei in dield tredde plak (21 fan 13) en yn 1992 yn Parthenay mei in sechsde plak (26 fan 19). Yn 1987 helle er in dield tredde plak yn it Europeesk Kampioenskip. Yn 1988 die er mei oan it wrâldkampioenskip yn Paramaribo en einige mei 19 út 19 op in dield alfte plak.

Van der Zee is damlieder (A- en B-kursussen) foar sawol begjinners as foar trochsetters.

Hy hat spesjale belangstelling foar hifi-apparatuer en arsjitektuer, benammen de minimalistyske bouwkeunst en wennningynrjochting.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Referinsjes

  1. Damclub Putten viert 75-jarig bestaan, De Stentor, 28 maaie 2013
  2. 12xHolland.com