Henk Hofstede (fakbûnsbestjoerder)
Hendrik (Henk) Hofstede (Wilsum, 19 septimber 1937 – Fianen, 25 jannewaris 2020) wie in Nederlânske fakbûnsbestjoerder en politikus.[1]
Henk Hofstede | ||
politikus | ||
Hofstede yn 1985 | ||
bertedatum | 19 septimber 1937 | |
berteplak | Wilsum | |
stjerdatum | 25 jannewaris 2020 | |
stjerplak | Fianen | |
partij | ARP (1958-1980) CDA (fan 1980 ôf) | |
Lid Earste Keamer | ||
amtsperioade | 1995-2003 | |
offisjele webside | ||
Parlement.com Biografy Henk Hofstede |
Karriêre
bewurkje seksjeHofstede syn karriêre begûn by de Nederlandse Christelijke Agrarische Bond (NCAB) en ferfolle ferskate funksjes yn it CNV ear't er dêr tusken 1986 en 1992 foarsitter wie. Hofstede waard yn 1992 by it CNV opfolge troch Anton Westerlaken.
Yn 1995 kaam er út namme fan it CDA yn de Earste Keamer dêr't er wurdfierder sosjale saken wie en teffens dwaande wie mei ekonomyske saken en ûntwikkelingsgearwurking. Yn 2003 ferliet er de Keamer en waard lid fan de ried fan advys fan it UWV.[2][3]
Hofstede waard beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en Offisier yn de Oarder fan Oranje Nassau.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|