Henk Krist (Ljouwert, 3 jannewaris 1952) is in Nederlânsk keunstskilder.

Henk Krist
keunstner
Henk krist
Henk krist
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 3 jannewaris 1952
berteplak Ljouwert
wurkpaad
wurksum as Keunstskilder, dosint
streaming Figuratyf
jierren aktyf 1980 - no
offisjele webside
Webstee Henk Krist

Henk Krist waard berne yn in grifformearde húshâlding. Hy gie nei de HBS yn Ljouwert ynearsten oan 't wurk yn de psychiatry. Dêrneist skildere er. Hy folge in opleiding ta byldzjend keunstner oan de doedestiidske Akademy Vredeman de Vries yn Ljouwert. Yn 1983 waard syn wurk foar it earst útstald. Dêrnei eksposearre er op ferskate plakken yn Nederlân en yn Gint yn België. De skilderijen fan Krist binne figuratyf. Syn oeuvre bestiet foar it grutste part út lânskippen en ôfbylden fan tragyske en iensume minskefigueren.

Yn 2009 waard yn Museum Willem van Haren op It Hearrenfean en yn galery "De Roos van Tudor" yn Ljouwert in oersjochtentoanstelling fan syn wurk holden.

  • Wat te doen op aarde: Henk Krist, schilderijen (yn it Ingelsk oerset as "What's to be done on earth : Henk Krist, paintings"), Ljouwert, 2009

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: