Henk Stallinga
Henk Stallinga (Tytsjerk, 25 septimber 1962) is in Nederlânsk yndustrieel ûntwerper en keunstner,[1]
Wurkpaad
bewurkje seksjeStallinga studearre yn 1993 ôf yn industrial design oan de Rietveld Akademy yn Amsterdam en rjochte itselde jier Studio Stallinga op.
Stallinga syn wurk ferkend de grinzen fan design en byldzjende keunst; it wol in lykwicht tusken funksjonaliteit en ferbylding wêze. Syn wurk nûget en daget de brûker as sjogger út om it yndustrieel produkt mei oare eagen te besjen.
Stallinga krige ynternasjonale erkenning mei de Mondriaan-eksposysje fan 1995 yn it MoMa New York; yn it Garden Café[2] fan it MoMa wie wurk set fan Henk Stallinga, Joep van Lieshout en oaren.[3]
Wurken
bewurkje seksjeIt wurk fan Stallinga wurdt ynternasjonaal wurdearre en is opnaam yn de permaninte kolleksjes fan:[4]
- MoMa New York[5][6]
- Cooper Hewitt New York,
- San Francisco Museum of Modern Art
- Fonds National Art Contemporain Paris
- Louisiana Museum Denmark
- Steds Museum Amsterdam.[7][8] en
- Achmea Art Collection[9]
- Akzo Nobel Art Foundation
Stallinga syn wurk is fierder te finen yn tal fan partikuliere samlingen.
Galery
bewurkje seksje-
Lumalasch
-
Waiting in the Hallway
-
The New Berlage Chair
-
TunnelVision
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|