Henk Woldring
Hendrik Egbert Sipke (Henk) Woldring (Ljouwert, 25 july 1943) is in Nederlânsk politikus en heechlearaar en wie fan 1999 - 2007 lid fan de CDA-fraksje yn de Earste Keamer. Hy is sûnt 1986 heechlearaar politike filosofy oan de Frije Universiteit yn Amsterdam. Yn de Earste Keamer hâlde Woldring him dwaande mei witttenskipsbelied, ûnderwiis en kultuer.
Nei it folgjen fan de ulo (1955 - 1958) en de hbs (1958 - 1963) studearre Woldring sosjology oan de Ryksuniversiteit Grins. Hjirnei studearre hy ek noch filosofy oan de Frije Universiteit Amsterdam fan 1968 - 1971 en in skoftlang oan de Goethe Universität yn Frankfurt. Hy wie tagelyk fanôf 1969 wittenskiplik meiwurker oan de Frije Universiteit. Yn 1976 promovearre hy oan de FU yn de wiisbegearte.
Yn 1986 waard Woldring beneamd as heechlearaar politike filosofy on dyselde universiteit. Fan 1970 ôf wie hy lid fan de ARP en siet hy yn it partijbestjoer doe't dy fusearre ta it CDA yn oktober 1980. Hy wie ek bestjoerslid fan it Wittenskiplik Ynstitút fan de ARP (de Dr. Abraham Kuyperstichting), in funksje dy't hy noch twa jier fuortsette soe by it Wittenskiplik Ynstitút foar it CDA. Dêrneist wie hy ek lid fan it bestjoer fan de Stichting CDA-hûsfêsting, en by de CDA-ôfdieling Amstelveen (1983-1985).
Yn juny 1999 waard Woldring keazen as lid fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal, wat hy oant syn ôftreden om persoanlike redenen yn 2007 bliuwe soe.
Op 20 oktober 2010 makke er bekend syn CDA-lidmaatskip opsein te hawwen om de gearwurking dy't dy partij mei de diskriminatware PVV oangien wie en de anty-yntellektuele ynterne machtstriid dy't dêrmei anneks gie.[1].
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|