Herfoarme tsjerke (Easterwierrum)

de tsjerke fan de herfoarme gemeente fan Easterwierrum

De herfoarme tsjerke oan de Fûgelsangleane wie de tsjerke fan de herfoarme gemeente fan Easterwierrum. Nei it sluten fan de tsjerke foar de earetsjinst yn 2010 is it gebou ferkocht, ferboud ta in fekânsjewente en sadanich oanpast dat it gebou ek geskikt is foar minsken mei in beheining.[1] De protestantske ynwenners fan Easterwierrum tsjerkje no yn ien fan de oare tsjerken fan de PKN-gemeente De Slachsang.

Herfoarme tsjerke fan Easterwierrum
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Easterwierrum
adres Fûgelsangleane 9
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1895 (toer 1911)
arsjitekt H. Gros, Raerd
offisjele webside
PKN-gemeente De Slachsang

Troch't it doarp mear ferskode nei de Easterwierrum âldfeart en in komdoarp waard rekke de midsiuwske tsjerke stadichoan fierder isolearre fan it doarp. Oan it begjin fan de 20e iuw waard der foar keazen in nije tsjerke yn it doarp oan de âldfeart te bouwen. De midsiuwske tsjerke waard nij de foltôging fan de nije tsjerke ôfbrutsen.

 
Oargel

Yn it midden fan it frijsinnige Baarderadiel waard yn de herfoarme tsjerke jierrenlang rjochtsinnich preke. Dat hie fan gefolgen dat sneins ek minsken út oare doarpen nei Easterwierrum kamen foar de preek.

De lêste jierren waard der lang net mear alle sneinen in tsjinst holden. Op 12 maart 2010 fûn der foar it lêst in tsjerketsjinst plak.

Nei de ûntwijing

bewurkje seksje

Nei de ûntwijing as tsjerke kaam der efter it noardeastlike diel fan it gebou in moderne oanbou en binne der yn it koer finsters ynbrocht. Yn de oarspronklike tsjerkeseal is der fierder de seal yn in wand ynbrocht. It tonferwulft bleau yntakt. Fan de ynrjochting krigen de 18e iuwske preekstoel en de hearebanken, dy't noch út de midsiuwske tsjerke stamme, wer in plak yn it gebou. Ek it ienmanualige oargel fan Bakker & Timmenga út 1897 bleau op de noch oanwêzige kreake stean.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: