Herman Krebbers
Herman Krebbers (Hengelo, 18 juny 1923 – Tilburg, 2 maaie 2018) wie in Nederlânsk fioelist en muzykdosint.
Herman Krebbers | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Herman Krebbers (1974) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 18 juny 1923 | |
berteplak | Hengelo | |
stoarn | 2 maaie 2018 (94 jier) | |
stjerplak | Tilburch | |
wurkpaad | ||
sjenre | Klassike muzyk | |
ynstrumint | Fioele | |
jierren aktyf | 1940 oant 2018 | |
offisjele webside | ||
Gjin |
Wurkpaad
bewurkje seksjeKrebbers studearre fioele by Oskar Back oan it konservatoarium fan de Feriening Muzyklyseum yn Amsterdam (oprjochte yn 1920). Hy helle syn diploma yn de simmer fan 1940. Op 15 april 1943 makke Krebbers (19 jier âld) syn solodebút yn it fioelekonsert fan Brahms mei it Konsertgebouorkest ûnder lieding fan Willem Mengelberg. Under de Twadde Wrâldoarloch wie Krebbers lid fan de Nederlandsche Kultuurkamer. Dat kaam him nei de oarloch op in spylferbod fan twa jier te stean.
Tegearre mei syn freon en kollega-fioelist Theo Olof (1924-2012) wie er konsertmaster fan it Residinsje Orkest en letter it Konsertgebouorkest. Hy trede op as solist mei tal fan oare orkesten.[1] Under syn learlingen wiene bekende fioelisten lykas Jeanne Lamon, Peter Tanfield, Szymon Krzeszowiec, André Rieu, Vera Beths, Emmy Verhey, Saskia Viersen, Jeroen de Groot, Liza Ferschtman en Rudolf Koelman.
Krebbers en Olof treden faak tegearre op. Se waarden foaral bekend troch it dûbelkonsert (BWV 1043) fan Bach en de 44 duo's fan Bartók. Oan har waarden ferskate komposysjes opdroegen:
- 20 duo's foar twa fioelen (1951) fan Géza Frid
- Konsert foar twa fioelen en orkest, op. 40 (1952) fan Géza Frid
- Konsert foar twa fioelen en orkest (1954) fan Henk Badings
- Suite foar twa fioelen nr 1, op. 110 (1955) fan Willem Rettich
- Rapsody fan Wolfgang Wijdeveld (by gelegenheid fan harren 20-jierrich jubileum as duo).
Yn 1958 ûntfongen Herman Krebbers en Theo Olof tegearre de ûnderskieding Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Fierder wie Krebbers mei sellist Jean Decroos en dy syn frou Danièle Dechenne (piano) lange tiid lid fan it Guarneri Trio.
In protte fan Krebbers' learlingen wûnen prizen op wichtige konkoersen yn binnen- en bûtenlân. Ek siet Krebbers yn de sjuery fan konkoersen oeral yn de wrâld.
Yn 1979 hie Krebbers in ûngemak mei fan gefolgen dat syn rjochterearm en -hân fierhinne ferlamme rekke. Hy gie troch as pedagooch en earst nei jierrenlang oefenjen slagge it him om dochs wer sels te spyljen.[2]
Yn 2009 sette Krebbers in punt achter syn karriêre. Hy wenne de lêste jierren yn Tilburch en joech thús noch wol fioeleles. Hy stoar op 2 maaie 2018 yn de âldens fan 94 jier.
Der waard in amateurkonkoers foar fioele en sello yn Kampen nei him ferneamd. Yn Ede is in teäterseal nei Krebbers ferneamd.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|