Herman Philippus Kuiphof (Frjentsjer, 27 oktober 1919 - Soest, 19 novimber 2008) is in eardere sportsjoernalist en telefyzjekommentator.

Herman Kuiphof yn 1978

Kuiphof begûn syn karriêre yn 1938 as learling-ferslachjouwer by it deibled De Nieuwe Nederlander. Yn 1946 waard hy sportredakteur by de Haagsche Courant. Yn 1961 stapte hy oer nei de VPRO-telefyzje. Foar de NTS en de NOS fersloech hy ferskeidene kearen de Olympyske Spullen en fuotbalwedstriden.

Kuiphof wie hiel lang de foaroansteande kommentator. Doe't hy de namme fan Feyenoord-spits Ove Kindvall mei korrekt-Sweedske yntonaasje útspruts as "Tsjiendval", waard hy troch it publyk beleanne mei de bynamme "Tsjuiphof".

Legindarysk is ek syn kommentaar fan de beslissende goal yn de WK-finale Dútslân-Nederlân (2-1) yn 1974. Doe't Gerd Müller nei slop ferdigenjen fan Arie Haan en Ruud Krol skoarde rôp Kuiphof: "Zijn we er toch ingetuind..."

Yn 1978 waard hy troch sportsjef Bob Spaak ûngeskikt achte foar it ferslaan fan de finale Argentynje-Nederlân. Neffens Spaak wienen Kuiphof syn eagen net goed genôch, en de finale gie nei Theo Reitsma.

Herman Kuiphof hat letter noch in oantal jierren tenniskommentaar jûn foar ferskate stjoerders. Hy wie ek faak te hearren yn it radioprogramma fan Ischa Meijer. Sûnt 1983 skreaun hy in kollum yn NRC Handelsblad.

Ynterview yn NRC Handelsblad