Herman Vermeer
A. Herman Vermeer (Appelskea, 6 septimber 1957) is in Nederlânske boer en earder politikus.
Vermeer wie fan novimber 2001 oant july 2004 lid fan it Europeesk Parlemint foar de VVD. Hy hie dêr sitting yn de ELDR, de Europeeskse Liberaal Demokraten.
Binnen het EP hie er as aktiviteiten:
- Tsjinne in ferslach yn oer de beskerming fan fuotgongers en oare kwetsbere dykgebrûkers by in botsing mei in motorreau (meibeslissingsproseduere, earste lêzing), july 2003.
- Frege oan de Europeeske kommisje in stúdzje te dwaan nei de tastânbringing fan in sertifisearre sloopproses fan fersmoarge skippen, om de eksport fan âlde Europese skippen nei lannen as Yndia en Bangladesj foar te kommen. Yn maaie 2004 makke de Europese Kommisje plannen bekend dy’t oanheakken by de eko-dock ûntmantelingwerf STOP (Stichting Tanker Ontmanteling Platform) yn de Iemshaven.
Vermeer is fan berop bouboer en wennet yn Swifterbant. Dêr is hy ûnder mear bekend troch syn trije wynmûnen fan it bedriuw Vestas dy’t hy op syn lân stean hat. Hy is troud en hat fjouwer bern.