Herman Vos
Herman Vos (Burgum, 23 juny 1957) is in byldzjend keunstner út Burgum. Hy is in autodidakt dy't hielendal op syn sintugen en gefoelens ôf giet.
Vos wurket leafst mei strykljocht en tsjinljocht. Syn wurken binne realistysk mar fertoane ek ympresjonistyske ynfloeden. Syn meastal grutte doeken bewurket er mei kwasten, pensielen, paletmessen of ek wol mei syn knokkels en neilen. Foarbylden foar him binne grutte skilders as Rembrandt, Claude Monet en Ilja Repin.
Herman hat him talein op it skilderjen fan hûnen en hynders en dan faak yn portretfoarm. Ek de natoer is faak tema yn syn wurken.
Herman behearsket ferskate techniken. Al kin er tige sekuer skilderje, hy hat net in echte foarkar foar de kweast. Bytiden smart er mei in mes in klodder ferve op it doek dat er dan mei in prop papier of in stielboarstel bewurket. Bytiden komme der sa ûnferwachte resultaten foar it ljocht.
Herman Vos die mei oan de ynternasjonale eksposysje “Jacht en natoer” yn Belgje en “Wyld yn de natoer”, fan 'Keunsthûs fan it Easten' yn Ynskedee.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|