Hermanus Hendrik Dansdorp

Hermanus Hendrik Dansdorp (Amsterdam, 25 maart 1788 - Haarlim, 31 oktober 1873) wie in Nederlânske boukundige. Hy wie de soan fan de wurkman Cornelis Dansdorp en Floora Maria Caldies. Nei in karriêre as timmermansfeint yn Amsterdam kaam er yn maaie 1830 yn tsjinst fan Rykswettersteat as opsichter by de bou fan de finzenis yn Hoorn. Op 1 oktober 1830 waard er beneamd ta provinsjaal opsichter yn Noard-Hollân, fan febrewaris 1832 ôf mei as stânplak Haarlim. Oant in reorganisaasje fan Rykswettersteat om 1855 hinne hold er dy funksje.

St.Petrus en Paulus
St. Josephtsjerke, Haarlim

Yn dy fearns iuw wie er as opsichter en ûntwerper belutsen by de bou fan in hiele rige katolike en protestantske tsjerken yn neoklassisistyske styl, geregeld yn gearwurking mei provinsjaal yngenieur Pieter Kock (1802-1880), mei wa't er in net útfierd ûntwerp makke foar de werbou fan de yn 1838 ôfbrânde Grutte Tsjerke yn Hoarn [1]. Syn belangrykste wurk is de St. Joseph yn Haarlim (1841-1843), dy't nei it fannijs ynstellen fan de biskoplike hiërargy fan 1853 oant 1898 funksjonearje soe as katedraal. De publikaasje fan de boutekeningen mei taljochting fan Dansdorp yn de Bouwkundige Bijdragen late ta in koarte polemyk oer de kwaliteit fan syn ûntwerp. [2].

In kar-út syn wurk:

  • Thomas von der Dunk, Dibbets en Dansdorp. Twee Waterstaatsambtenaren als kerkenbouwers in het tweede kwart van de negentiende eeuw, De Sluitsteen IV (1988), s.97-103.
  • Arjen J.Looyenga, Van Waterstaatskerk tot Kathedraal. De St.Josephskerk te Haarlem en het werk van de Waterstaatsarchitect H.H.Dansdorp, Haarlim 1990.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Thomas H.von der Dunk, 'Herbouwing zooals dezelve vroeger was. De wederopbouw van de Grote Kerk van Hoorn na de brand van 1838: een voorbeeld van 'cultuurbeleid' in de tijd van Koning Willem I', Kunstlicht, X (1989) no.1, s.2 15.
  2. H.H.Dansdorp, 'De Nieuwgebouwde kerk der Roomsch-katholieke gemeente op het Bagijnhof aan de St.Jansstraat te Haarlem', Bouwkundige Bijdragen III (1845), s.45-49; S.de Jong, 'Een woord over de nieuw gebouwede kerk der Roomsch-Katholijke gemeente, op het Bagijnhof aan de St.Jansstraat, te Haarlem', Bouwkundige Bijdragen III (1845), s.195-200; C.A.Boll van Bueren, 'Iets over de beoordeeling van den heer Servaas de Jong, nopens de nieuwgebouwde R.C.kerk, te Haarlem', Bouwkundige Bijdragen III (1845), s.293-298; H.H.Dansdorp, 'Antwoord op de beoordeling bver de nieuwgebouwde kerk der Roomsch-Katholieke Gemeente op het Bagijnhof aan de St.Jansstraat te Haarlem', Bouwkundige Bijdragen III (1845), s.341-346.