Herre Zonderland
Herre Zonderland (De Lemmer, 15 maaie 1983) is in manager en eardere turner fan De Lemmer. Zonderland kombinearre syn topsportaktiviteiten mei in funksje bedriuwsfiering by de plysje.
Herre is de soan fan Huite en Sophie Zonderland, broer fan Geeske (1981), Johan (1984) en Epke (1986). Hy gie nei OSG-Sevenwolden op It Hearrenfean en gymmestike by DOD op De Lemmer; gie mei syn broerke Epke en suster Geeske nei WIK-FTC op It Hearrenfean. Hy begûn mei 10 oeren trainen yn de wike, wat yn in oantal jierren útwreide waard nei 21 oere. Se hâlden op eigen kosten trainingsstaazjes en dienen oan wedstriden mei. Se waarden meardere kearen yn gastgesinnen ûnderbrocht, mar it barde ek dat se yn in karavan op de kemping stienen.
Herre trainde sûnt 1992 ûnder trainer Gerard Speerstra. De Nederlânsk allround kampioen fan 2003 kaam 10 jier lang foar Nederlân út yn de sân Europeeske en fiif wrâldkampioenskippen. Op it EK yn Milaan, begjin 2009, helle Herre noch in 27e plak op de mearkamp. Hy stoppe yn 2009 nei it WK yn Londen en it NK foar klupteams (turnklup Sportsintrum It Hearrenfean}.
Doe't syn jongere broer Epke Zonderland yn 2010 tydlik sûnder trainer (Gerrit Speerstra) siet wie Herre syn begelieder. Hy kaam op 1 jannewaris 2009 yn tsjinst by Sportstêd It Hearrenfean as manager turnsaken. Sa is hy direkteur fan it Sidijk Turntoernoai. Organisearre yn 2011 mei de KNGU it NK Turnen op It Hearrenfean.
Yn 2009 wûn Herre Zonderland de Fryske Sportpriis.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|