Hessel van der Kooij

(Trochferwiisd fan Hessel)

Hessel van der Kooij (West-Skylge 20 april 1955) is in sjonger en kafeehâlder fan Skylge. Hessel brûkt by tiden syn pseudonym Ray Maccannony. Syn heit wie stoker fan it gasfabryk en letter boatsma'/kok by rederij Doeksen. Hessel is in eilanner yn ieren en sinen en wol neat ha fan kommersjeel muzyk meitsjen. Syn bekendste nûmer is Terug naar Terschelling. Syn lûd docht wat tinken oan Bruce Springsteen. Hy hat yn 1991 optreden yn Ahoy, hjirfan binne CD's en fideo's makke. In oar bekend optreden wie op 19 maart 2005 yn Thialf, mei syn dochter Tess. Hjirby waard FL 100.000 ophelle foar it goede doel: Sykte fan Aicardi Goutieres.

Hessel van der Kooij
sjonger en/of muzikant
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 20 april 1955
berteplak Skylge
wurkpaad
sjongtaal Nederlânsk, Ingelsk
ynstrumint sjonger, gitaar
jierren aktyf 1979(?) - no

Hessel waard op 16-jierrige leeftyd kafeehâlder yn Hoarne op it eilân en iepene op 24 maart 1972 kafee de "Groene Weide". Hy makke muzyk yn it kafee en simmerdeis ek wol op it strân. Troch yntekening middels in boek yn de Groene Weide waarden daliks 1200 nûmers ferkocht fan syn earste lp 'Flamborough Head'. Yn 1980 waard hjirfan in single útbrocht: She's flying to America, mei op de efterkant Appocaliptic.

  • 'Flamborough Head' (lp) mei de single She's flying to America
  • 'Just my luck' (1988)
  • 'Live in Frjentsjer' (1989)
  • 'Dust' (1990)
  • 'Me' - (1993), op eigen label
  • 'Live Ahoy' (1994)
  • 'Clara'
  • 'Flotsam' - (2000) (CNR) mei it duet mei syn dochter Tess: One Heart
  • 'Hessel Voor Hessel'(2005)
  • DVD: Terug naar Terschelling

Keppeling om utens

bewurkje seksje