Hessel van der Zee

Hessel van der Zee (1842 - De Haach, ± 1890), wie in lettersetter en Frysk toanielskriuwer.

Op in dei kaam er op klompen út de strafkoloanje Feanhuzen by de útjouwer N.A. Hingst op It Hearrenfean en frege om wurk. Sa kaam er oan de letterkast. Syn blijspul De âld jas (1866) waard sân kear werprinte. Ek oar wurk fan him waard in soad spile yn de Fryske doarpen.

  • De âld jas (1866)
  • De Kaertlidster fen Gritsebûrren (1868)
  • It wiif út to arbeidzjen (1871)
  • It Nichtje fen de Kastelein of Abbeline de greate bandyt (1878)
  • Thomas en Tsiamke of de mislokte reis nei Noard- Amerika (2e pr. 1881)
  • Falentijn de Skjirresliper (1882),

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: