Hielke Sijbesma, ek: Hielke A. Sijbesma (Jiskenhuzen, 8 maaie 1897 - Súdhorn, 23 juny 1986) wie karmaster mei meardere funksjes yn uit tsjerklik en maatskiplik libben fan Moarrewâld en omkriten.

Hielke Sijbesma
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hielke Sijbesma
oare namme Hielke A. Sijbesma
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 8 maaie 1897
berteplak Jiskenhuzen
stoarn 23 juny 1986
stjerplak Súdhorn
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Amtner
aktyf as bestjoerder,
karmaster

Hy waard op 27 july 1922 beneamd ta karmaster yn Dantumadiel oant 1 novimber 1962. Sijbesma hie yn Moarrewâld en omkriten meardere funksjes yn it tsjerklik en maatskiplik libben. Sa wie hy jierrenlang bestjoerslid, wêrfan't oant 1962 sa'n 15 jier foarsitter, fan de kristlike ULO yn Moarrewâld. Dus ûnder mear by de iepening fan de nije skoalle op 1 maaie 1957.

Fierders wie er fan 1935 - 1962 sekretaris fan de Ried fan Tafersjoch fan de Boerelienbank yn Moarrewâld.

Fan de wenningstichting Patrimonium yn Ikkerwâld/Moarrewâld wie er fan 1927 - 1959 de administrateur. Hielke Sijbesma wie jierrenlang bestjoerslid, wêrfan 17 jier foarsitter fan de kristlike skoalle yn Ikkerwâld en wie trije perioaden diaken en fiif perioaden âlderling fan de Grifformearde tsjerke yn Moarrewâld. Fierders wie er foarsitter fan de boukommisje fan de yn 1968 nij boude tsjerke. Yn Damwâld is in strjitte nei him neamd.