Hiergarder
In hiergarder (of hieropheller) wie in funksjonaris fan in wenningbouferiening of soms partikuliere ferhierder dy 't belêstige wie mei it ynbarren en kontant opheljen fan de hier fan de wenning. In hieropheller hie meastal in unifoarm oan en gie eartiids wykliks of letter ek alle moannen by de hierders fan de wenningen del om kontant de hier op te heljen. Meastal barde dat op fêste tiden oerdeis as de húsfroulju mei it húshâldlik wurk dwaande wiene. Hy skreau dan yn it hierboekje, dat de hierder sjen litte moast, de betelle hier op, mar notearre it ek yn syn eigen boekje. Ek hied er in learen tas mei wikseljild.
Troch de komst fan it girale ferkear waard sûnt de jierren 60 de hier hieltyd faker per bank of giro oermakke en waard de hieropheller mear en mear oerstallich. Yn 1976 ferdwûn de lêste hieropheller yn Nederlân wêrfan't yn it NOS Sjoernaal in reportaazje te sjen wie yn in doarp earne yn Fryslân.