Hieronymus van Alphen Priis

De Hieronymus fan Alphen Priis is in priis fan de Stichting Geschiedenis Kinder- en Jeugdliteratuur. De priis is neamd nei skriuwer Hieronymus van Alphen, de earste Nederlânske skriuwer dy 't spesjaal foar bern skreau. It is in priis foar minsken dy 't in soad oan behear, foarljochting, ûndersyk en publikaasjes oer de skiednis fan de Nederlânsktalige berne- en jeugdliteratuer dogge. De priis bestiet út en byldsje en in oarkonde. De priis wurdt sûnt 2008 ien kear yn de twa jier útrikt.

Priiswinners

bewurkje seksje
  • 2023 - Jacques Dane, haad ûndersyk en konservator fan it Nationaal Onderwijsmuseum
  • 2021 - Aernout Borms, samler fan ferskate sjenres op it mêd fan âlde berneboeken
  • 2019 - Helma van Lierop-Debrauwer, universitêr dosint, ûndersiker en auteur fan publikaasjes op it mêd fan jeugdliteratuer wêrûnder Een land van waan en wijs
  • 2017 - Joke Linders-Nouwens, ûndersiker jeugdliteratuer, auteur en redaksjelid fan jeugdliterêre neislachwurken
  • 2015 - Rita Ghesquiere, literatuerwittenskipper
  • 2013 - Anne de Vries, pionier op it mêd fan de kolleksjefoarming fan berne- en jongereinboeken
  • 2010 - Frits Booy, ynset Stichting Kinder- en Jeugdliteratuur, Genootschap Bibliofielen en de Boekhistorische Vereniging
  • 2008 - Theo Gielen, wurk, stúdzje en publikaasjes
  • 2007 - Jant van der Weg-Laverman, ynset foar Fryske jeugdliteratuer
  • 2006 - Janneke van der Veer, redakteur "Boekenpost"
  • 2005 - Lin en Piet Buijnsters, publikaasje Bibliografie van Nederlandse school- en kinderboeken 1700-1800 (BNK) en Lust en Leering, Geschiedenis van het Nederlandse Kinderboek in de negentiende eeuw
  • 2004 - Frits Huiskamp, standerdwurk Naar de vatbaarheid der jeugd, Nederlandstalige kinder- en jeugdboeken 1800-1840
  • 2003 - John Landwehr, bibliografyen fan yn Nederlân printe fabelboeken
  • 2002 - Jeannette Kok, dokumintearje, ferklearje en útdrage fan de skiednis fan it berne- en jongereinboek
  • 2001 - Toin Duijx, oprjochting fan it Landelijk Platform kinder- en jeugdliteratuur en de Werkgroep Geschiedenis Kinder- en jeugdliteratuur
  • 2000 - Netty van Rotterdam, foarsitterskip Nederlânske Berne-en Jeugdliteratuer (Nederlandse Kinder- en Jeugdliteratuur)