Hillich Krús kleaster (Poltava)

It Krúsferheffingskleaster of it Kleaster fan it Hillich Krús is in 17e-iuwsk otterdoks kleaster yn Poltava yn 'e Oekraïne.

Hillich Krús kleaster
Lokaasje
lân Oekraïne
oblast Poltava
plak Poltava
adres Vûlytsa Pajisya Velytskovskoho (вулиця Паїсія Величковського)
koördinaten 49° 35' N 34° 34' E
Kleastergegevens
denominaasje Oekraynsk-Otterdokse Tsjerke (patriargaat Moskou)
oprjochting 1650
Ynformaasje bou
boujier 18e en 19e iuw
boustyl barok
Webside
Side fan it bisdom
Kaart
Hillich Krús kleaster (Oekraïne)
Hillich Krús kleaster

Skiednis bewurkje seksje

It kleaster waard yn 1650 stifte nei't kozakken de troepen fan 'e Poalske magnaten fersloegen en de stêd befrijden. Om dy oerwinning te betinken joech Sylvester Kosov, de metropolyt fan Kiëv, opdracht om op de mei ikebeammen begroeide berch oan 'e rivier de Vorskla in kleaster foar muontsen te bouwen. It kleaster ûntwikkele him as in wichtich edukatyf sintrum yn it suden fan it Kozakken-Hetmanaat. Fanwegen de ynspannings fan aartsbiskop Eugenios Voulgaris, in freon fan 'e ferljochter Voltaire en de eardere hôfbibliotekaris fan Katarina de Grutte, woeks de boekekolleksje fan it kleaster út ta de grutste yn 'e omkriten.

It kleaster waard yn 1695 oerfallen en plondere troch de Krimtataren, dy't foar Poltava en oare stêden yn 'e Oekraïne in grutte pleach foarmen. De houten otterdokske kleasters wiene foar de Tataren oantreklike plakken om te plonderjen en nei't se it kleaster fan Poltava yn 1695 ôfbaarnden waard besletten it yn stien wer op te bouwen.

 
Krúsferheffingskatedraal.

Wylst de nijbou fan it stiennen kleaster noch net foltôge wie, sloegen Sweedske troepen yn 'e simmer fan 1709 harren kamp by it kleaster op en hûze kening Karel XII yn 'e ferbliuwen fan 'e muontsen fan it kleaster. Tsien dagen foar de grutte slach rekke de kening by in ynspeksje by it kleaster ferwûne oan syn foet troch in kûgel fan in Kozak.

 
De yn 1999 weropboude Trije-ienheidstsjerke.

Nei't de Sweden ferslein waarden by de Slach by Poltava koe de katedraal foltôge wurde. Yn 1756 waard de barokke Krúsferheffingskatedraal ynwijd. De katedraal krige in ikonostaze fan 'e ferneamde houtfiker Sjalmatov; mar dy ikonstaze waard mei de ikoanen yn de Russyske Revolúsje fan 1917 ferneatige. Yn 1750 waard in twadde kleastertsjerke tafoege; de Tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid. De 45 meter hege klokketoer waard yn 1786 konsekrearre. De barokke en neoklassistyske toer hat oerienkomsten mei de klokketoer fan it Kiëvske Petsjersk-lavra. De bou fan in tredde tsjerke, de Sint-Simeontsjerke, folge yn de 19e iuw yn opdracht fan de hannelsman I.S. Kotelnikov ta neitins fan syn soan Simeon dy't in Poltava ferstoar.

Yn de jierren dy't folge op de revolúsje wiksele de macht yn Poltava ferskillende kearen en waard it kleaster ferskate kearen plondere. De ikebosken om it kleaster hinne waarden kapt en yn 1923 waard it troch de nije machthawwers sletten en oerdroegen oan in feriening foar spoarpersoniel. It kleaster krige dêrnei ferskillende funksjes. Under de nazy-besetting krigen nonnen tastimming om it kleaster wer te iepenjen en sûnt dy tiid wennen nonnen yn it kleaster, mar yn 1958 waard it kleaster troch de regionale Sovjet-autoriteiten op 'e nij sletten. De nonnen waarden yn oare kleasters ûnderbrocht of nei famylje stjoerd en de kristlike symboalen fan 'e gebouwen ferwidere.

Nei de fal fan de Sovjet-Uny waarden de gebouwen wer yn gebrûk nommen troch de Oekraynsk Otterdokske Tsjerke (patriargaat Moskou). De yn 'e Twadde Wrâldkriich ferneatige Trije-ienheidstsjerke waard yn 1999 wer opboud.

Keppeling om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: