Hillige Geasttsjerke (Kazan)

De Tsjerke fan de Hillige Geast is in (Russysk: Духосошественская церковь) russysk-otterdoks barok tsjerkegebou yn Kazan, Ruslân.

Hillige Geasttsjerke

Духосошественская церковь

Lokaasje
lân Ruslân
autonome republyk Tatarstan
plak Kazan
koördinaten 55° 46' N 49° 08' E
Arsjitektuer
boujier 1731-1735
monumintale status Monumint fan regionaal belang
monumintnûmer 161310012540005
Kaart
Hillige Geasttsjerke (Kazan)
Hillige Geasttsjerke
 
De tsjerke foar de revolúsje.

De tsjerke waard tusken 1731 en 1735 foar de arbeiders fan in lekkenfabryk boud en op 12 augustus 1735 ynwijd. Yn 'e 19e iuw waarden der ferskillende feroarings en útwreidings oan 'e tsjerke útfierd. Yn 1802 waard in stiennen stek om de tsjerke boud. Oan 'e súdeastlike kant fan dat muorre-stek waard yn 1895 in kapel mei fiif koepels yn pseudo-russyske styl boud. Oant de revolúsje fan 1917 hie de tsjerke de grutste parochy fan Kazan mei sa'n 4.000 leden.

Yn 'e Sovjettiid waard de tsjerke yn 1931 foar de earetsjinst sletten. De tsjerke waard oerdroegen oan in bioskoop en in dûnsskoalle en yn 'e rin fan de tiid fernielden feroarings en tafoegings it hiele oansjen fan 'e tsjerke. Fan 'e klokketoer waarden de ferdjippings sloopt en ek de frijsteande kapel út 1895 waard ôfbrutsen. Sûnt de jierren 1950 waard op de boppeferdjipping fan it eardere tsjerkegebou in poppeteäter ûnderbrocht. De rest fan it gebou waard ferdield yn wenromten. De bewenners fan 'e eardere tsjerke krigen yn 1970 oare hûzen tawiisd en fan doe ôf waard it hiele gebou in poppeteäter.

 
De tsjerke as poppeteäter.

Yn 2008 begûnen leden fan 'e otterdokse mienskip fan Kazan harren te opponearjen yn otterdokse media tsjin de neffens har godslasterlike figueren oan 'e gevel fan 'e eardere tsjerke. Fral it ôfbyld fan in mytysk Tataarsk figuer, in soarte fan duvel, joech in soad argewaasje en de klagers fregen om it ferwiderjen fan dy figueren fan 'e gevel. It duorre lykwols noch oant 2012 doe't de tsjerke werom jûn waard oan 'e Russysk-Otterdokse Tsjerke, nei't in nij gebou foar it poppeteäter foltôge waard. Op 31 maaie 2012 waarden de figueren fan 'e tsjerke ferwidere.

Nei't de presidint fan de Republyk Tatarije, Rûstam Noergalijevitsj Minnichanov, yn july 2012 in besite brocht oan 'e tsjerke, naam dy it beslút om help te bieden by de renovaasje fan it gebou. Tagelyk mei de rekonstruksje en restauraasje fan 'e tsjerke waard ek de ferfallen Galeevski-moskee út de jierren 1798-1801 rekonstruearre en renovearre. Fan 2012 oant 2015 waard 105 miljoen rûbel útjûn troch de oerheid om de Hillige Geasttsjerke te rekonstruearjen en te renovearjen en de omjouwing dêrfan op te knappen. Yn ien fan 'e njonken de tsjerke lizzende gebouwen, dat eartiids ek by de tsjerke hearde, is tsjintwurdich it nei Sint-Gûri ferneamde Otterdokse Gymnasium fêstige.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Церковь Сошествия Святого Духа (Казань)