Himelfeartkatedraal (Uljanovsk)
De Himelfeartkatedraal (Russysk: Спасо-Вознесенский кафедральный собор) is in otterdokske katedraal yn Uljanovsk (eartiids Simbirsk), Ruslân.
Himelfeartkatedraal
Свя́то-Вознесе́нский собо́р | ||
bouwurk | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
oblast | ![]() | |
plak | ![]() | |
koördinaten | 54° 18' N 48° 22' E | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1994-2015 | |
arsjitekt | Aleksandr Varjûchin | |
boustyl | Neobarok | |
offisjele webside | ||
cerkov.ru |
SkiednisBewurkje
Nei de oprjochting fan it bisdom Uljanovsk waard it yn de jierren 1990 needsaaklik in nije katedraal te bouwen. It wie de fraach oft de yn de jierren 1930 ferneatige Himelfeartkatedraal herboud wurde moast, mar om ferskate redenen waard der keazen foar in oar ûntwerp op in nij plak. Nei in jiermennich fan tariedings waard yn 1997 begûn mei de bou. In jier letter moast it wurk lykwols troch de finansjele krisis yn Ruslân dellein wurde, mar yn 2006 waard de bou wer mei nije faasje ferfette.
Op 7 jannewaris 2015 waard de earste tsjinst yn de katedraal fierd. De offisjele iepening fan de katedraal wie op 21 maaie 2015 yn oanwêzigens fan patriarch Kirill doe't dy it bisdom oandie. De patriarch joech de tsjerke in ikoan fan de Matrona fan Moskou.
De yn barokke styl boude tsjerke is yn helder blauwe kleuren ferve. Yn it gebou is romte foar 2.000 leauwenden.
By de katedraal stiet ek de yn 1995-1996 troch Aleksandr Varjûchin boude Alderheljentsjerke (Всехсвятская церковь) en it biskoplik bestjoerssintrum. Yn de tún binne acht plakettes te sjen mei de bas-reliefs fan ûnder de Sovjet-Uny ferneatige tsjerken fan it bisdom. Yn novimber 2014 waard in byld ûntbleate fan Andrej fan Simbirsk, ien fan de meast fereare lokale hilligen yn de omkriten fan Uljanovsk. It kompleks wurdt noch oanfolle mei in dooptsjerke, in skoalle en in biskoplik museum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Спасо-Вознесенский собор (Ульяновск)
|